Odense
Domtsjerke fan Sint-Knût
Domtsjerke fan Sint-Knût
Emblemen
Polityk
LânDenemark
RegioSúd-Denemark
GemeenteOdense
Sifers
Ynwennertalplak: 182.387 (2023)
gemeente: 207.762 (2023)
Oerflakplak: 79,30 km²
gemeente: 305,6 km²
Befolkingsticht.plak: 2.280,74 ynw./km²
gemeente: 674,01 ynw./km²
Stêdekloft504.066 (2022)
Oar
TiidsôneUTC+1
Koördinaten
Offisjele webside
Gemeentlike webside (ek (in) )
Kaart
Odense (Súd-Denemark)
Odense

Odense (IPA: ˈoð̞ˀn̩sə]) is in gemeente en stêd yn de Deenske regio Súd-Denemark (Syddanmark).

Odense is de op twa nei grutste stêd fan Denemarken en leit sintraal yn Denemark op it eilân Fún.

Hans Christian Andersen is yn Odense berne. De stêd hat in protte museums; der is in bistetún, de Odense Zoo. De domtsjerke fan Sint-Knud is in gebou út de 13e iuw.

Skiednis

Paleis fan Odense, sette litten troch Fredrik IV

Odense is ien fan de âldste stêden fan Denemarken; yn 1988 waard har 1000-jierrich bestean fierd. De namme Odense komt fan it âld-noarske Óðinsvé, wat Odinstimpel betsjut. Yn de midsiuwen wie de dom fan Sint-Knud in plak mei in soad oanrin fan pylgers.

Yn de 16e iuw wie de stêd it plak fan gearkomst fan ferskate parleminten en oant 1805 wie it ek de sit fan provinsjale steaten fan Fún.

Ien fan de meast bekende gebouwen yn Odense wie de Odinstårn ('Odinstoer'). De toer waard boud yn 1935 en wie it op ien nei (de Eiffeltoer wie heger) heechste gebou fan Europa. In de Twadde Wrâldkriich is de Odinstårn lykwol opblaasd en net wer op 'en nij boud.

Odense bleau by de regionale weryndieling fan 2007 in selsstannige gemeente.

Plakken yn de gemeente

  • Seden
  • Seden Strand
  • Næsbyhoved Broby
  • Bullerup
  • Lumby
  • Allese
  • Stige
  • Ejlstrup
  • Blommenslyst
  • Brændekilde
  • Holmstrup
  • Bellinge
  • Sankt Klemens
  • Fangel
  • Odense
  • Åsum
  • Fraugde
  • Over Holluf
  • Davinde
  • Højby

Berne yn Odense

  • Lars Jacobsen (1979), fuotballer
  • Caroline Wozniacki (1990), tennisster

Bekende ynwenners

Andersen syn hûs yn Odense

Befolkingsferrin

Jier1976198119901996200020042023
Ynwenners138.348136.646138.986144.518145.062145.554182.387

Stêdebannen

  • flagge fan Tsjechje Brno, (Tsjechje)
  • flagge fan de Feriene Steaten Columbus, (Feriene Steaten)
  • flagge fan Japan Funabashi, (Japan)
  • flagge fan Nederlân Grins (Nederlân) (Nederland)
  • flagge fan Súd-Koreä Iksan, (Sud Korea)
  • flagge fan Turkije İzmir, (Turkije)
  • flagge fan Poalen Katowice (Poalen)
  • flagge fan Litouwen Kaunas, (Litouwen)
  • flagge fan Oekraïne Kiev, (Oekraïne)
  • flagge fan de Faeröer Klaksvík, (Fêreu-eilannen)

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Odense fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.