Jaroslavl oblast
Яросла́вская о́бласть | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sintraal Federaal Distrikt |
ekonomyske regio | Sintrale Ekonomyske Regio |
haadplak | Jaroslavl |
grutste plak | Jaroslavl |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (95,2 %) Ukraïeners (0,96 %) Tataren (0,45 %) (Stân 2002) |
sifers | |
ynwennertal | 1.227.383 (2022) |
oerflak | 36.177 km² |
befolkingstichtens | 33,93 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 11 maart 1936 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 57° 39' N 39° 15' E |
webside | www.adm.yar.ru |
De oblast Jaroslavl (Russysk: Ярославская область; Jaroslovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn Ruslân. Haadstêd is Jaroslavl.
De oblast is part fan it Sintraal Federaal Distrikt en grinzget oan de oblasten Vladimir, Vologda, Ivanovo, Kostroma, Moskou en Tver.
De ôfstân fan Moskou oer it spoar is 282 km, mei de auto 265 km en is himelsbreed 250 km.
De oblast leit yn it noarden fan de Easteuropeeske Leechflakte. Eartiids bestie it hiele gebiet fan de oblast út ticht nullewâld en mingd bosk, mar tsjintwurdich bestiet it gebiet út boulân en bosk mei bjirkebeammen en popelieren. Grutte stikken binne ek somplân. De oblast wurdt troch de Wolga midstwa dield.
Foar de Twadde Wrâldkriich wie de oblast ien fan de meast yndustrialisearre oblasten fan Sintraal-Ruslân. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de oblast bombardearre; de slimste bombardeminten wiene yn de nachten fan 10 en 21 juny 1943.
Bestjoer
Yn maart 1936 waard yn de USSR it doetiidske oblast Ivanovo opdield yn de nije oblasten Ivanovo en Jaroslavl. It tsjintwurdige oerflak krige de oblast yn 1944 nei't in diel ôfskieden waard foar de oprjochting fan it nije oblast Kostroma.
De oblast Jaroslavl is ferdield yn 17 rajons en trije stedsdistrikten. Dy trije stedsdistrikten binne de trije grutste stêden.
Nû. | Rajon | Russysk | Ynwenners (2021) | Kaart |
---|---|---|---|---|
1 | Bolsjeselski | Большесельский | 8.967 | |
2 | Borisoglebski | Борисоглебский | 11.830 | |
3 | Brejtovski | Брейтовский | 5.686 | |
4 | Danilovski | Даниловский | 23.751 | |
5 | Gavrilov-Jamski | гаврилов-Ямский | 24.585 | |
6 | Jaroslavski | Ярославский | 67.675 | |
7 | Ljûbimski | Любимский | 10.266 | |
8 | Mysjkinski | Мышкинский | 9.205 | |
9 | Nekouzski | Некоузский | 13.229 | |
10 | Nekrasovski | Некрасовский | 18.629 | |
11 | Uglitsjski | Угличский | 44.218 | |
12 | Pereslavski | Переславский | 20.076 | |
13 | Pervomajski | Первомайский | 9.779 | |
14 | Posjechonski | Пошехонский | 12.425 | |
15 | Rostovski | Ростовский | 61.721 | |
16 | Rybinski | Рыбинский | 25.274 | |
17 | Tûtajevski | Тутаевский | 55.169 |
Grutste stêden
De belangrykste stêden binne njonken de haadstêd Jaroslavl Rybinsk en de stêden Rostov en Pereslavl-Zalesski.
Namme | Russysk | Ynwenners (2021) |
---|---|---|
Jaroslavl | Ярославль | 601.403 |
Rybinsk | Рыбинск | 182.383 |
Tûtajev | Тутаев | 39.749 |
Pereslavl-Zalesski | Переславль-Залесский | 37.391 |
Uglitsj | Углич | 31.452 |
Rostov | Ростов | 30.406 |
Befolkingsûntwikkeling
Jier | 1897 | 1928 | 1959 | 1979 | 1990 | 2000 | 2010 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 1.071.355 | 1.351200 | 1.395.627 | 1.424.806 | 1.472.126 | 1.406.111 | 1.272.468 | 1.253.389 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Ярославская область
|