Dr. Obe Postmapriis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
útrikt foar | oersettings yn it Frysk | |
útrikt troch | provinsje Fryslân | |
frekwinsje | 1x yn de 3 jier | |
plak | Ljouwert (Fryslân) | |
ynsteld | 1984 | |
1e útrikking | 1984 | |
offisjele webside | ||
gjint |
De Dr. Obe Postmapriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis foar oersetters, neamd nei de Fryske dichter en oersetter Obe Postma.
Omskriuwing
De priis wurdt takend oan de bêste oersetting fan de foarôfgeande perioade. Dy perioade is by it ynstellen fêststeld op trije jier, lykas dat doe ek foar de Gysbert Japicxpriis fêststeld waard. De priis is yn 1984 foar it earst útrikt, en bestie doe út in oarkonde en in priis fan 1500 gûne. De priis wurdt tagelyk mei de Fedde Schurerpriis útrikt op it Provinsjehûs.
Wegering
Yn 1987 wie de priis takend oan de oersetters fan de stikken fan Tryater. Dy priis is doe net útrikt, om't in part fan de oersetters fûn dat de sjuery ien inkelde oersetting en oersetter útkieze moatten hie.
Priiswinners
- 1984 - Gerben Brouwer (postúm):
- foar de oersettings yn syn bondel Ljochte Nachten
- 1987 - Tryater-oersetters (net útrikt):
- foar de toanielstikken fan Tryater
- 1990 - Douwe Tamminga:
- foar syn oersetting fan 'e fersen fan Gysbert Japiks nei it Nederlânsk ta
- 1993 - Klaas Bruinsma:
- foar syn útjefte Sofoklês: Trije trageedzjes, mei de oersettings fan 'e trageedzjes Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos fan Sofoklês, út it Aldgyksk
- 1996 - Harke Bremer en Jarich Hoekstra:
- foar it stripboeken It Kwea-each, nei Het Boze Oog fan Marten Toonder, út it Nederlânsk
- foar it stripboek De Boppebazen, nei De Bovenbazen fan Marten Toonder, út it Nederlânsk
- 1999 - Jabik Veenbaas:
- foar syn oersetting fan Fan it Fryske Lân en it Fryske Libben fan Obe Postma nei it Nederlânsk ta (as Van het Friese Land en het Friese Leven)
- 2002 - Eric Hoekstra:
- foar syn oersetting Dat Sei Zarathustra, nei Also Sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche, út it Dútsk
- 2005 - Klaas Bruinsma:
- 2008 - Tryntsje van der Zee:
- foar har ynset foar de Fryske toanielwrâld (de lêste trije jier hie Van der Zee acht toanielstikken oerset yn it Frysk, wêrûnder Puntila fan Bertold Brecht, Hertsear fan Edward Albee en De Opera fan Carlo Goldoni)
- 2011 - Anne Tjerk Popkema (útrikt yn 2012):
- De Hobbit, nei The Hobbit fan J.R.R. Tolkien, út it Ingelsk
- 2016 - Geart Tigchelaar:
- 2020 - Jan Popkema:
- foar syn oersetting fan Das Parfum fan Patrick Süskind nei it Frysk: It Parfum (2018)
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.