De Kloane-oarloggen (Ingelsk: Clone Wars) foarmje in fiktive oarloch út 'e Star Wars-frachise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Dit konflikt, ek wol de Separatistyske Krisis neamd, wurdt útfochten tusken de striidkrêften fan 'e Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (KUS). Oan 'e kant fan 'e Republyk fiere de mei boppenatuerlike krêften bejeftige Jedi-ridders it befel oer it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat út kloansoldaten bestiet. De Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels set in reuseftich leger fan oarlochsandroïden yn. Wat net ien wit, is dat de oarloch manipulearre wurdt troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious, it geheime alter ego fan 'e freonlike kânselier Palpatine.

It útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen wurdt toand yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. It ferrin fan 'e striid komt oan 'e oarder yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) en de tekenfilmsearjes Star Wars: Clone Wars (2003-2005) en Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). It konflikt einiget yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) mei de nederlaach fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, de fal fan 'e Galaktyske Republyk troch in steatsgreep fan Palpatine, en de Grutte Suvering fan 'e Jedi troch de útfurdiging fan 'e by de kloansoldaten ymplantearre Oarder 66, dy't harren opdracht jout om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen.

Optinksel en ûntwikkeling

De Kloane-oarloggen waarden foar it earst neamd yn 'e trêde ferzje fan it senario foar de earste Star Wars-film fan mids 1970-er jierren, wêryn't ferwiisd wurdt nei it "deiboek út 'e Kloane-oarloggen" fan 'e cyborg-generaal op jierren Obi-Wan Kenobi. Dat personaazje krige lykwols letter in folslein oare foarm. Yn 'e úteinlike film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) wurde de Kloane-oarloggen twaris neamd. De earste kear is as Jedi-master Obi-Wan Kenobi oan 'e jonge Luke Skywalker fertelt dat Luke syn heit yn 'e Kloane-oarloggen fochten hat, wat Luke mar dreech te leauwen fynt. De twadde kear is as it geheime boadskip fan prinsesse Leia oan Obi-Wan, dat de robot R2-D2 by him draacht, ôfspile wurdt, wêryn't Leia neamt dat Obi-Wan, dy't se oansprekt as "generaal", har heit tsjinne hat yn 'e Kloane-oarloggen.

Op dat stuit hie Lucas noch mar in dizenich idee wat de Kloane-oarloggen eins wiene. Yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) wie it personaazje Lando Calrissian yn 'e earste ferzje fan it senario fan Leigh Brackett in kloan ôfkomstich fan in planeet befolke troch kloanen, dy't in grutte rol yn it konflikt spile hiene. De preemjejager Boba Fett hie oarspronklik in oerlibbene wurde moatten fan in groep kommando's dy't yn 'e Kloane-oarloggen troch de Jedi útrûge wie. Net ien fan beide optinksels helle lykwols de úteinlike film. Lucas wie yn 'e jierren nei it foltôgjen fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy minder tasjitsk oer de Kloane-oarloggen as oer lykfol hokker oar elemint út Star Wars, en gie sels safier dat er it as ûnderwerp ferbea foar romans en oare Star Wars-produkten dy't ûnder lisinsje makke waarden. Pas yn 1994, doe't er syn ideeën foar de Star Wars-prequeltrilogy begûn út te wurkjen, kaam er op 'e lapen mei de Kloane-oarloggen sa't dy der úteinlik út kamen te sjen.

Foarskiednis

Lykas toand yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, rekket de Galaktyske Republyk yn 22 f.Sl.Y. yn in krisis behelle as in kloft fan likernôch tsientûzen planetestelsels him ôfskiede wol. De separatistyske planetestelsels ferienje har yn 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dy ûntwikkeling wurdt yn it geheim oanstjoerd troch de Sith-master Darth Sidious, dy't gaos en trelit oanfiterje wol om syn allinnichhearskippij oer it Stjerrestelsel te fêstigjen. De boasaardige Darth Sidious, eins it alter ego fan 'e freonlike en ynnimmende kânselier Palpatine, hat syn learling, greve Dooku, sels opdracht jûn ta de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, en dêr spilet Dooku sadwaande in liedende rol by.

Ferskate machtige hannelsblokken binnen de Republyk jouwe har by de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Ien dêrfan is de Hannelsfederaasje, dy't tanksij eardere manipulaasje fan Sidious dominearre wurdt troch de Neimoïden. Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, wrokket noch altyd oer de nederlaach dy't er tsien jier earder, yn 'e Nabookrisis, lit hat troch tadwaan fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo. As betingst foar syn meiwurking oan 'e separatistyske beweging wol er dat Padmé fermoarde wurdt. Dooku giet dêrmei akkoart en nimt foar de moard de Mandaloriaanske preemjejager en hierling Jango Fett yn 'e earm. Dyselde besteget de put út oan 'e foarmferoarer Zam Wesell, mar nei twa mislearre moardoanslaggen is er twongen om Zam te deadzjen om foar te kommen dat se him ferriede sil oan 'e Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker, dy't har op 'e hakken sitte.

Nettsjinsteande dat folget Obi-Wan it spoar fan Fett werom nei de oseaanplaneet Kamino, dêr't er ûntdekt dat yn 'e kloanfabriken dêre in legermacht fan mear as in miljoen kloansoldaten besteld is út namme fan 'e Hege Jedi Ried en de Galaktyske Senaat. It docht bliken dat de mei foarkennis fan 'e takomst bejeftige Jedi-master Sifo-Dyas likernôch tsien jier earder op eigen manneboet opdracht jûn hat ta de produksje fan 'e kloanen. Jango Fett hat as sjabloan foar de kloanen tsjinne, mar foar Obi-Wan oer ûntstriidt er dat er Sifo-Dyas ea met hat; ynstee beweart er rekrutearre te wêzen troch in man dy't Tyranus hiet. Hoe't it krekt sit mei de bestelling fan it koaneleger komt pas jierren letter oan it ljocht, as it al te let is.

Sifo-Dyas foarseach dat in grutte boargeroarloch yn it Stjerrestelsel op kommendeweis wie en dat de Galaktyske Republyk ferlet hawwe soe fan in leger. Doe't de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried syn ideeën fersmieten en him út 'e Ried setten om't er net om lyk woe, besleat er temûk syn plannen troch te setten. Hy naam yn it geheim kontakt op mei de kloanprodusinten op Kamino, wêrby't er bearde tastimming te hawwen fan sawol de Hege Jedi Ried as de Galaktyske Senaat. Folle fierder kaam er net, om't de Sith him yn it fizier krigen en prikken yn it wurk stelden om it kloaningsprojekt te kapen. By in los fan it projekt steande misje nei de planeet Oba Diah waard Sifo-Dyas yn opdracht fan Dooku fermoarde. Neitiid naam Dooku, waans Sith-namme Darth Tyranus wie, it plak fan Sifo-Dyas yn dy syn kommunikaasje mei de Kaminoänen yn. Hy hierde Jango Fett yn en makke de kloansoldaten ta in wapen tsjin 'e Jedi troch de kloanprodusinten opdracht te jaan om hearrigens oan Oarder 66 oan 'e gedrachsmodifikaasje fan 'e kloanen ta te foegjen. (Iroanysk genôch hie Sifo-Dyas dy gedrachmodifikaasje oarspronklik optocht om te tsjinjen as barriêre tsjin ferriedlike befellen oan 'e kloanen.)

Utbrekken

As Obi-Wan (noch hieltyd yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones) it spoar fan Jango Fett folget nei de planeet Geonosis, ûntdekt er dat de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels dêr yn it geheim in reuseftich leger fan oarlochsandroïden oan it opbouwen is. Hy jout dy ynformaasje troch oan 'e Jedi-masters Yoda en Mace Windu, dy't oan it haad steane fan 'e Hege Jedi Ried. Neitiid wurdt de Hege Jedi Ried troch kânselier Palpatine manipulearre om ta it beslút te kommen dat der no gjin oare kar mear is as om it befel te nimmen oer it leger kloanen dat op Kamino produsearre is, en dat yn te setten tsjin 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Palpatine manipulearret ôffurdige Jar Jar Binks, in Gungaan fan Naboo, om in wetsfoarstel fan dy strekking yn 'e Galaktyske Senaat yn stimming te bringen, en dat kriget oerweldigjende byfal fan 'e senators. It leger kloansoldaten kriget de namme fan it Grutte Leger fan 'e Republyk.

Neitiid sammelet Mace Windu alle Jedi dy't er gau-eftich gearbringe kin en set ôf nei Geonosis, wylst Yoda nei Kamino reizget om 'e earste lichting kloansoldaten ôf te heljen. Underwilens binne Obi-Wan syn padawan Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala, dy't er beskermje moat, nei Geonosis reizge, dêr't Obi-Wan finzen nommen is troch greve Dooku. Koart nei harren oankomst wurde Padmé en Anakin ek finzen nommen. Op oantrúnjen fan Nute Gunray feroardielje greve Dooku en de Geonosiaanske aartshartoch Poggle de Mindere Padmé, Obi-Wan en Anakin ta de deastraf, dy't útfierd wurde moat troch it ynsetten fan in trijetal ferskuorrende wylde bisten yn in arena, foar it each fan in publyk fan tsientûzenen Geonosianen. Padmé en de beide Jedi witte te ûntkommen oan 'e wylde bisten, mar net oan 'e ferneatigingsandroïden dy't Dooku dêrnei op harren ôfstjoert.

Hja wurde lykwols rêden troch de hommelse ferskining fan Mace Windu mei in grut part fan 'e masters fan 'e Hege Jedi Ried en in soad oare Jedi-ridders, ûnder wa Ki-Adi-Mundi, Plo Koon, Kit Fisto, Eeth Koth, Saesee Tiin, Even Piell, Shaak Ti en Aayla Secura. Yn 'e striid dy't folget, bringe de Jedi de androïden fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels in slimme slach ta, mar lije dêrby swiere ferliezen en moatte op 't lêst belies jaan omreden fan 'e nûmerike oermacht fan 'e fijân. Dan ferskynt lykwols Yoda op it toaniel mei lâningsfiertugen wêryn't de earste pear hûnderttûzen kloansoldaten arrivearje dy't er op Kamino ophelle hat. Dyselden ferslane de oarlochsandroïden yn wat neitiid de Earste Slach om Geonosis komt te hjitten. Mei dat treffen brekken de Kloane-oarloggen iepentlik út.

Ferrin fan 'e striid

It ferrin fan 'e Kloane-oarloggen wurdt yn byld brocht yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) en de tekenfilmsearjes Star Wars: Clone Wars (2003-2005) en Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020).

De striid duorret trije jier, fan 22 f.Sl.Y. oant en mei 19 f.Sl.Y. Dêrby woedet de striid op ferskate fronten troch it hiele Stjerrestelsel. Yn 't earstoan boekt de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels de iene oerwinning nei de oare. De oarlochsynset fan 'e Republyk wurdt nammentlik hindere om't de Techno-uny, dêr't de measte swiere yndustry yn 'e Republyk ûnder falt, de kant fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels keazen hat. Nettsjinsteande dat wurde fan it twadde jier ôf de separatisten weromdreaun nei de Râne fan it Stjerrestelsel. Tsjin it trêde jier fan it konflikt kriget de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels ferskate swiere nederlagen te ferduorjen yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, dêr't de separatisten krekt de measte stipe hawwe.

Under ynfloed fan 'e Sith beslute de separatistyske lieders in dryste wraam te dwaan op Coruscant, de planeet dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk residearret. Dat rint lykwols foar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels út op in fiasko, wêrby't yn ien klap in trêdepart fan 'e hiele separatistyske romtemacht ferlern giet. Greve Dooku komt yn 'e Slach om Coruscant om as er ferret wurdt troch syn master Sidious. Yn 'e dagen nei de nederlaach sneuvelet ek generaal Grievous, de opperbefelhawwer fan 'e separatistyske androïdelegers, by in konfrontaasje mei Obi-Wan Kenobi op 'e planeet Utapau.

Oarder 66 en de Grutte Suvering fan 'e Jedi

Sa't yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) te sjen is, achtet Palpatine dan de tiid ree om in greep nei de macht te dwaan. Hy makket himsels bekend oan Anakin Skywalker, dy't mei de opdiene kennis nei Mace Windu ta stapt. Dyselde hjit Anakin om him der fierders net mei te bemuoien, en giet sels mei trije oare Jedi-masters fan 'e Hege Ried, Kit Fisto, Agen Kolar en Saesee Tiin, op Palpatine ta om him te arrestearjen. Palpatine jout him lykwols net sûnder slach of stjit oer. Mei syn ljochtsabel deadet er de trije oare Jedi, wêrnei't er it tsjin Windu opnimt yn in gefjocht fan ien tsjin ien. Palpatine falt Windu oan troch Krêftwjerljocht te brûken, mar Windu blaast dy werom yn Palpatine syn eigen gesicht, sadat de Sith-master foargoed misfoarme rekket. Windu wurdt him oermânsk en wint it gefjocht.

Tsjin dy tiid hat Palpatine Anakin lykwols wysmakke dat de tsjustere kant fan 'e Krêft it iennichste is dat syn leafste Padmé Amidala rêde kin, dy't fan syn bern yn ferwachting is. Anakin wurdt nammentlik teheistere troch foarsizzende dreamen wêryn't hja stjert yn it kreambêd. Om Padmé te rêden komt Anakin tuskenbeiden en redendielt mei Windu om Palpatine yn libben te litten. Windu fertelt him lykwols dat de Sith-master te gefaarlik is om yn libben te litten en risselwearret om him te deadzjen. Dêrop hout Anakin him de rjochterhân ôf, sadat er ûntwapene is. Palpatine martelet de warleaze Windu dan mei Krêftwjerljocht en smyt him dêrnei út it finster, sadat er te pletter falt.

Neitiid furdiget Palpatine Oarder 66 út, in befel oan 'e kloansoldaten om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen. Om't dat befel yn harren gedrachsmodifikaasje ferwurke sit, kinne se dêr gjin wjerstân oan biede, sels al soene se it wolle. Oeral yn it Stjerrestelsel keare de kloanen har op frijwol itselde momint tsjin 'e Jedi, fan wa't fierwei de measten gjin skyn fan kâns hawwe. Dat it is begjin fan 'e Grutte Suvering fan 'e Jedi, wêrby't op befel fan Palpatine de Jedi Oarder útrûge wurde. Anakin nimt er oan as nije learling ûnder de namme Darth Vader. Op syn befel giet Vader mei kloanen fan it 501e Legioen nei de Jedi-Timpel op Coruscant, dat it haadkertier fan 'e Jedi Oarder is, en moardet dêr alle oanwêzigen út, de lytse bern ynbegrepen. Mar inkele Jedi ûntkomme oan 'e dea, fan wa't master Yoda, Obi-Wan Kenobi en Anakin syn eardere padawan Ahsoka Tano de wichtichsten binne.

Fal fan 'e Republyk en oprjochting fan it Keizerryk

Nei it bloedbad dat er yn 'e Jedi-Timpel oanrjochte hat, wurdt Vader troch Palpatine nei de planeet Mustafar stjoerd, dêr't de lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels har befine. Dyselden kin Palpatine no net mear brûke. Vader slachtet harren allegear ôf mei de ljochtsabel. Fan gefolgen wurde de androïdelegers deäktivearre, wat de ein fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en fan 'e Kloane-oarloggen betsjut. Op Coruscant ferklearret Palpatine ek de Galaktyske Republyk foar beëinige, en yn it stee dêrfan rjochtet er it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as autokratysk regearjend keizer.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.