'
Namme:Oranje Nassau Sneek
Oprjochte:4 april 1932
Plak:Snits
Kompetysje:sneonshaadklasse C
Thúskleuren
Utkleuren

ONS Snits is in amateurfuotbalklup út Snits, dy't útkomt yn de sneonshaadklasse C. ONS stiet foar Oranje Nassau Sneek.

Oprjochting

De klup is oprjochte op 4 april 1932, as CVV Oranje Nassau, nei it keningshûs. Earst yn 1948 waard Sneek in fêst part fan de namme.

Kampioen earste klasse E

ONS waard yn 2004 kampioen fan de earste klasse E en promovearre sadwaande nei de sneonshaadklasse C.

Kampioen sneonshaadklasse C

Op 22 april 2006 wûn de ploech, yn de striid foar it kampioenskip, sels fan Drachtster Boys, wylst direkte konkurrint SC Genemuiden ferlear fan WHC. Dêrmei waard al nei twa seizoenen it foar de klup historyske kampioenskip haadklasse C helle. De klup hie in goede start yn de wedstriden om it kampioenskip sneonshaadklasse, mar koe dy net fêsthâlde en de titel dêrfan gong per slot nei Iselmearfûgels.

Bekende fuotballers

  • Piet Dam - doelman fan it Nederlânsk Sneonalvetal.
  • Sandor van der Heide - Cambuur
  • Rudy Mann - eardere spiler fan Cambuur.

Sjoch ek

Ferwizing

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.