Nynke Klopstra (Gytsjerk, 5 april 1973) is in eardere Fryske judoka.
Klopstra wûn de brûnzen medalje op it Europeesk Kampioenskip fan 2004 yn Boedapest yn de klasse oant 48 kg. Yn dizze klasse wûn se seis kear nei elkoar it Nederlânske Kampioenskip fan 1998 oant 2003. Nei har súkses op it Europeeske Kampioenskip krige se ferskate blessueres en besleat op te hâlden mei har judokarriêre op 30 oktober 2006
Medaljes
- 1998 Nederlânsk Kampioenskip (-48 kg), 's-Hertogenbosch
- 1999 Nederlânsk Kampioenskip (-48 kg), 's-Hertogenbosch
- 2000 Nederlânsk Kampioenskip (-48 kg), 's-Hertogenbosch
- 2001 Nederlânsk Kampioenskip (-48 kg), 's-Hertogenbosch
- 2002 Nederlânsk Kampioenskip (-48 kg), Amsterdam
- 2003 Nederlânsk Kampioenskip (-48 kg), Amsterdam
- 2004 Europeesk Kampioenskip (-48 kg), Boedapest
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.