Nyegea
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal490 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak8,53 km², wêrfan:
- lân: 8,16 km²
- wetter 0,382 km²
Befolkingsticht.58 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 08' N 6° 01' E
Lokaasje Nyegea (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje Nyegea (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Kaart
Nyegea (Fryslân)
Nyegea

Nyegea is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardwest fan Drachten. Nyegea leit oan rykswei N31, tusken Ljouwert en Drachten, dy't ek wol de Wâldwei neamd wurdt.

Under Nyegea falle ek de buorskippen Wierren (yn it noarden fan it doarp) en Eibertsgeasten en Middelbuorren (súdlik fan it doarp). Foardat De Tike in selsstannich doarp waard, foel De Tike as buorskip ek ûnder Nyegea. Nyegea hat gjin winkels mear en is foar boadskippen oanwiisd op Drachten of Burgum (beide op sa'n 5/6 kilometer ôfstân).

Nyegea hat 490 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Nyegea is in doarp fan midsiuwske oarsprong. It doarp hie eartiids in 14e-iuwske tsjerke. De âlde tsjerke waard healwei de 19e iuw foar it measte ferboud. De bou fan de toer folge yn de jierren 1893-1894. Yn de toer hinget in klok út 1381.

Lang bleau it doarp in boerestreek oan de Lykwei, tsjintwurdich de Kommisjewei. Súdlik fan it westlike diel fan de Kommisjewei is der nei de oarloch in lytse doarpskearn ûntstien.

Mienskip

Doarpshûs Op 'e Jister

It doarpshûs Op 'e Jister stiet oan de Kommisjewei. It doarpshûs waard boud op it plak dêr't eartiids it skoaltsje fan Nyegea stie. Ienris yn 'e trije jier wurdt der in doarpsfeest organisearre. Nyegeasters wurde gekjeijend foar ligers útskolden.[3]

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Nyegea).

Skoalle

Sûnt jierren hat Nyegea gjin eigen basisskoalle mear. De bern geane no nei skoalle yn 'e Pein of Aldegea.

Ferienings

Befolkingsferrin

18401954195919641969197419992002200320042005
165563613599552497474492502516505
20102012201420152020
493489482473468

Berne

Keunstwurk

By Nyegea binne oan it ein fan 'e Sintrale As by de Wâldwei yn in fiverke de keunstwurken De Glêzebiters en de Ielstikel set. It keunstwurk is troch de Nyegeasters sels betocht en fan wylgeteannen makke. Mear doarpen yn 'e omkriten binne ferrike mei keunstwurken fan wylgeteannen.


Ofbylden

Strjitten

Aldegeasterdyk, De Klynhoeke, Eartlânsreed, Eibertsgeasten, Fiifhoeke, Finnen, Hearrewei, Hegewei, Kilometerwei, Kommisjewei, Nije Tikewei, Skieppekampen, Stienkampen, Swartewei, Westerein, Wierren.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. List AFUK út begjin jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan Ph.H. Breuker, Fryske Akademy

Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.