Nunivak | ||
De lokaasje fan Nunivak yn Alaska. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
borough | Unorganized Borough | |
haadplak | Mekoryuk (Alaska) | |
grutste plak | Mekoryuk (Alaska) | |
sifers | ||
ynwennertal | 191 (2010) | |
oerflak | 4.226,8 km² | |
befolkingstichtens | 0,05 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –9 | |
simmertiid | UTC –8 | |
koördinaten | 60°05′42″ N 166°12′40″ W |
Nunivak (Ingelsk: Nunivak Island, útspr.: ['nunivæk 'ailənd], likernôch: "nû-ni-wek ai-lund"; Middenalaskaansk Jûpik: Nunivaaq; Tsjûpik: Nuniwar) is in grut, mar tinbefolke eilân yn 'e Beringsee, deun foar de westkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska, dêr't it ta heart. It is it op ien nei grutste eilân yn 'e Beringsee, nei St. Lawrence. Binnen Alaska falt it eilân ûnder de regio Súdwest-Alaska. De oarspronklike befolking fan Nunivak binne de Tsjûpyt (Cup’it), in stamme fan 'e Jûpik (Yup’ik), dy't ta de Eskimo's hearre.
Geografy
Nunivak is in mei toendra oerdutsen eilân yn 'e eastlike Beringsee, dêr't de iennichste beammen dwerchwylgen binne fan net mear as 1.20 m heech. De mei permafrost oanhelle ûndergrûn bestiet út fulkanysk lavastiente dat yn it Kryt sedimintêr stiente oerdutsen hat. Nunivak leit likernôch 48 km fan 'e Yukon-Kuskokwimdelta op it fêstelân fan Súdwest-Alaska ôf, dêr't it fan skaat wurdt troch in seestrjitte dy't de Etolinstrjitte hjit.
It eilân mjit 106 km fan east nei west en 76 km fan noard nei súd. Nunivak beslacht in oerflak 4.225,8 km², wêrmei't it it op ien nei grutste eilân yn 'e Beringsee is (nei St. Lawrence) en it op sân nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten. It heechste punt fan Nunivak is Roberts Mountain, wêrfan't de top op 510,5 m boppe seenivo leit. De útstykjende westpunt fan it eilân hjit Kaap Mohican; de súdpunt is Kaap Mendenhall; de eastpunt wurdt foarme troch Kaap Corwin.
Bestjoerlik falt it eilân ûnder de Unorganized Borough, in grut diel fan Alaska sûnder distriktsyndieling dat streekrjocht bestjoerd wurdt troch it steatsregear yn Juneau. Binnen dat mânske gebiet heart Nunivak foar statistyske doelen ta it Folkstellingsgebiet Bethel. It meastepart fan it eilân heart fierders ta it Nasjonaal Natoerreservaat Yukon Delta, dat ûnder behear stiet fan 'e United States Fish and Wildlife Service. Der nêstje op it eilân teminsten 89 soarten trekfûgels, wêrfan't ferskaten de status fan bedrige bistesoarte hawwe.
Skiednis
Yn earder tiden libbe op Nunivak in beskieden keppel rindieren, mar dy waard útrûge nei de yntroduksje fan fjoerwapens op it eilân yn 'e lette njoggentjinde of iere tweintichste iuw. It eilân kaam yn 'e achttjinde iuw by de koloanje Russysk-Amearika te hearren, mar gie yn 1867 by de Oankeap fan Alaska oer yn Amerikaanske hannen.
By de folkstelling fan 1880 registrearre de ûntdekkingsreizger Ivan Petrof noch 702 bewenners op Nunivak, dy't ferdield wiene oer njoggen ûnderskate doarpen. Yn 1900 waard de befolking lykwols troffen troch in epidemy, mei as gefolch dat it tal eilânbewenners sterk belune en in stikmannich doarpen alhiel ferlitten rekke. Yn 1930 waard Nunivak besocht troch de ferneamde fotograaf en etnograaf Edward S. Curtis.
De United States Fish and Wildlife Service brocht yn 'e 1930-er jierren de rindieren wer werom op Nunivak, en yntrodusearre der yn deselde tiid ek muskusoksen. Grutte keppels fan beide soarten bisten wurde tsjintwurdich beheard troch de pleatslike lânseigen korporaasje. Yn 2015 naam natoerbeskermer en bûtenman Steven Rinella in ôflevering fan syn tillefyzjesearje Meat Eater op Nunivak op. Dêryn gied er yn op 'e kultuer fan 'e pleatslike befolking en died er mei oan in jacht op muskusoksen.
Demografy
Nunivak hie neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 in befolking fan 191 minsken. Dat is in tebekgong fan 9,1% yn ferhâlding ta 2000, doe't der noch 210 eilânbewenners wiene. De befolkingstichtens op Nunivak bedroech yn 2010 0,05 persoanen de km². De folsleine eilânbefolking wennet yn Mekoryuk, oan 'e noardkust. Dat is de iennichste delsetting op Nunivak. It hiele eilân hat formeel de status fan stêd. Ferfarren nei oare dielen fan Alaska, benammen nei de gruttere stêden, hâldt de befolking fan Nunivak lyts.
De oarspronklike bewenners fan it eilân binne de Tsjûpyt (Cup’it), in stamme fan 'e Middenalaskaanske Jûpik. Dy hearre wer ta it gruttere ferbân fan 'e Jûpik (Yup’ik), dat ien fan 'e folkegroepen fan 'e Eskimo's is. Ek tsjintwurdich noch binne frijwol alle bewenners fan Nunivak etnyske Tsjûpyt. Hja sprekke fan âlds it Tsjûpik (Cup’ig), in dialekt fan it Middenalaskaansk Jûpik. Dat is no in yn syn fuortbestean bedrige taalfariant, dy't noch wol de memmetaal fan 'e âlderein is, mar net mear fan 'e jongerein, dy't suver folslein Ingelsktalich is.
Ekonomy
De bewenners fan Nunivak binne tsjintwurdich noch altyd foar in grut diel fan 'e jacht ôfhinklik foar harren fuortbestean. Se jeie fral op seesûchdieren, lykas de walrus, mar ek op 'e rindieren en muskusoksen op it eilân. Dêrnjonken dogge se ek oan fiskerij. Guon fan harren folje har ynkommen oan troch seizoenswurk te dwaan yn 'e yndustry op it fêstelân fan Alaska.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|