It Nuldernau (Nederlânsk: Nuldernauw) is ien fan de Feluwerânemarren tusken Gelderlân en Flevolân. De mar grinzet yn it súdwesten oan it Nijkerkernau en it rint yn it noardeasten oer yn it Wolderwiid. It is tegearre mei it Nijkerkernau de smelste rânemar.
It Nuldernau wurdt troch in daam skieden fan it Nijkerkernau, yn dizze daam leit de Nijkerkerslûs, hjiroer rint de N301.
Oan it Nuldernau leit it Strân Nulde, in bekend rekreaasjeoard.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.