Nothing Else Matters | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Enter Sandman (live), Harvester of Sorrow (live) | |
artyst | Metallica | |
album | Metallica (The Black Album) | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 20 april 1992 | |
opnommen | 30 maaie 1991 | |
doer | 6:28 | |
label | Elektra | |
skriuwer | James Hetfield, Lars Ulrich | |
produsint | James Hetfield, Bob Rock, Lars Ulrich | |
fideoclip | ||
Metallica: Nothing Else Matters (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 5, Single Top 100 - 4, Ultratop 50 - 5 | |
sertifisearre | Austraalje 5x platinum, Eastenryk goud, Belgje goud, Denemark platinum, Dútslân platinum, Itaalje platinum, Nij-Seelân goud, Sweden goud, Grut-Brittanje platinum, Feriene Steaten goud |
Nothing Else Matters is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1991 en útbrocht op it album Metallica better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. Nothing Else Matters wie it achtste nûmer op it album en waard op 20 april 1992 útbrocht as tredde single fan it album.
Oer it nûmer
James Hetfield skreau de tekst fan it nûmer yn 1990 by in toernee, doe 't Hetfield "him ergere dat er net thús wie". Ynearsten wie it net de bedoeling dat it nûmer útbrocht wurde soe, omdat Hetfield it foar himsels skreaun hie, mar nei 't drummer Lars Ulrich it heard hie, kaam it dochs op it album. De fideoclip toant in diel fan de tarieding fan in optreden by in toernee fan Metallica.
Muzikanten
- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Jason Newsted - Bas
- Lars Ulrich – Drums
Ferzje fan Metallica (op S&M)
Nothing Else Matters | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | For Whom the Bell Tolls (S&M ferzje) | |
artyst | Metallica | |
album | S&M, Metallica (The Black Album) | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Symfoanyske Rock | |
útbrocht | 22 novimber 1999 | |
opnommen | 21-22 april 1999 | |
doer | 6:47 | |
label | Elektra | |
skriuwer | James Hetfield, Lars Ulrich | |
produsint | Bob Rock, James Hetfield, Lars Ulrich, Michael Kamen | |
fideoclip | ||
Nothing Else Matters (S&M) HD | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 5, Single top 100 - 3 , Ultratop 50 Flanders - 1 |
Yn 1999 trede Metallica twa kear op mei it San Francisco Symphony Orchestra, dizze optredens binne op it album S&M útbrocht. Nothing Else Matters wie de earste single fan dit album. De bylden fan it optreden binne brûkt yn de fideoclip.
Muzikanten
- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Lars Ulrich – Drums
- James Newsted - Bas
- San Francisco Symphony Orchestra
Cover fan Lucie Silvas
Nothing Else Matters | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Better Love Next Time | |
artyst | Lucie Silvas | |
album | Breathe In | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 4 novimber 2005 | |
doer | 4:36 | |
label | Mercury | |
skriuwer | James Hetfield, Lars Ulrich | |
produsint | Mike Peden | |
fideoclip | ||
Lucie Silvas - Nothing Else Matters (Official Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 12, Single top 100 - 13, |
Yn 2005 naam de Britske sjongeres Lucie Silvas Nothing Else Matters op foar har album Breathe In. Nothing Else Matters wie it sechsde nûmer op it album en waard op 4 novimber 2005 útbrocht as fiifde single fan it album. Yn de fideoclip spilet Lucie Silvas yn in yndustriegebiet op in spoarbrêge.
Muzikanten
- Lucie Silvas – Sang & Piano
Cover fan Iris Kroes
Nothing Else Matters | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Iris Kroes | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 13 jannewaris 2012 | |
doer | 2:48 | |
label | 8Ball | |
skriuwer | James Hetfield, Lars Ulrich | |
resultaten | ||
hitlisten | Single top 100 - 16 |
Yn de winter fan 2011-2012 die sjongeres Iris Kroes mei oan de twadde edysje fan The Voice of Holland yn de heale finale moast se it nûmer Nothing Else Matters fan Metallica sjonge. It waard nei de útstjoering útbrocht as single en behelle de 16e plak yn de single top 100.
Muzikanten
- Iris Kroes – Sang & Harp