Norwich | ||
De merk yn Norwich | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip | Norfolk | |
Regio | East Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 132.000 (2008) | |
Oerflak | 39,02 km² | |
Stêdekloft | 376.500 | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Norwich City Council |
Norwich (/[ˈnɒɹɪdʒ]?/) (Nederlânsk, ferâldere: Noordwijk) is in Ingelske stêd (city) en in distrikt yn it greefskip Norfolk.
Norwich leit oan it rivierke de Wensum.
Ut de skiednis
Norwich wie yn de 11e iuw de grutste stêd yn Ingelân nei Londen en ien fan de meast wichtige plakken yn it keninkryk. Yn 1144 waarden de Joaden fan Norwich beskuldige fan rituele moard op in jonkje (William of Norwich). It foarfal late ta de earste pogrom tsjin Joaden yn Ingelân. William krige de status fan martler en it plak luts in soad pylgers. Op 6 febrewaris 1190 waarden alle Joaden fan Norwich ôfslachte, útsein dejingen dy't beskûl yn it kastiel socht hienen. Yn 1171 hie Norwich te lijen fan in grutte stedsbrân.
Iuwenlang wie de produksje fan tekstyl dêr fan grut ekonomysk belang.
Norwich hat in soad skea oproan troch bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich. Grutte parten fan de âlde binnenstêd giene doe ferlern.
- Anglikaanske katedraal fan Norwich
- Katolike Jehannes de Doperkatedraal
- It stedhûs fan Norwich
- It kastiel fan Norwich út de 12e iuw
- Theatre Royal
Berne yn Norwich
- Pablo Fanque (1796-1871), earste swarte sirkusdirekteur yn Grut-Britanje
- Danny Mills (1977), fuotballer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Norwich fan Wikimedia Commons. |