North American F-86 Sabre | |
---|---|
| |
Fabrikant | North American Aviation |
Earste flecht | 1 oktober 1947 |
Yn tsjinst | 1949 by de USAF |
Oare brûkers | Japanske Loftmacht Spaanske Loftmacht Koreaanske Loftmacht |
Tal makke | 9.860 |
Yn tsjinst oant | 1994, Bolivia |
Farianten | CAC Sabre Canadair Sabre North American F-86D Sabre North American FJ-2/-3 Fury |
De North American F-86 Sabre is in gefjochtsfleanmasine. De Sabre wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines yn de Koreaanske Kriich. It tastel waard opfolge troch de North American F-100 Super Sabre.
Der binne 9.860 F-86 Sabres makke. Anno 2012 binne der noch in lytse 50 fleanree.
Operasjonele skiednis
De F-86 waard troch de USAF tige yntinsyf brûkt yn de Koreaanske Kriich gegjin jierren ’50 fan de 20e iuw. It tastel waard mei wikseljend súkses ynset tsjin de Russyske MiG-15.
De F-86 hat tsjinne yn de loftmachten fan in protte lannen oer de hiele wrâld. Hoewol't it ûntwerp fan ein jierren '40 wie en it ein jierren '50 net mear by de tiid wie, die bliken dat de Sabre maklik oanpast wurde koe, sadat it tastel as front-line jager noch tal fan jierren by tal fan loftmachten tsjinne hat. De lêste operasjonele tastellen tsjinnen by de Boliviaanske Loftmacht oant 1994. Ferskate F-86s wurde yn de 21e iuw noch brûkt as drones (radiobestjoerde doelen), as testfleantugen of as priveetastel.
Bynammen
De Sabre waard troch fleanders ûnder oaren Sabredog, Dog, Dogship (F-86D) en Kaasjager yn Nederlân (de F-86K) neamd.
Technyske feiten
F-86A | F-86D | F-86H | Sabre Mk.5 | Sabre Mk.32 | |
---|---|---|---|---|---|
Langte | 11,43 m | 12,31 m | 11,82 m | 11,43 m | 11,43 m |
Spanwiidte | 11,31 m | 11,31 m | 11,92 m | 11,32 m | 11,30 m |
Hichte | 4,51 m | 4,57 m | 4,57 m | 4,49 m | 4,39 m |
Leechgewicht | 4.760 kg | 6.321 kg | 6.276 kg | 4.825 kg | 5.443 kg |
Maks. startgewicht | 7.419 kg | 9.050 kg | 9.890 kg | 7.965 kg | 9.621 kg |
Maks faasje | 1.103 km/o | 1.138 km/o | 1.114 km/o | 1.120 km/o | 1.100 km/o |
Maks. fleanberik | 1.932 km | 1.364 km | 1.690 km | 2.390 km | 1.850 km |
Tsjinstplafond | 14.900 m | 16.640 m | 15.120 m | 15.450 m | 15.850 m |
Oandriuwing | GE J47-GE-13 | GE J47-GE-17 | GE J73-GE-3D | Orenda 10 | RR Avon 26 |
Driuwkrêft | 23,1 kN | 25,8/33,9 kN | 40,4 kN | 33,0 kN | 33,4 kN |
Bemanning | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 |
Boardwapens | 6 × 12,7-mm- masinegewearen | 24 × net-late 7-sm-raketten | 4 × 20-mm- masinekanonnen 1.234 kg bommen | 6 × 12,7-mm- masinegewearen 2 AIM-9B 2.400 kg bommen | 2 × 30-mm- masinekanonnen 2 AIM-9B 2.400 kg bommen |
Keppelings om utens
- sabre-pilots.org Webstee fan eardere Sabre-fleanders