Nomaden binne minsken of befolkingsgroepen dy't gjin fêst wen- of ferbliuwsplak hawwe. Sy reizgje mei al harren húsrie en fee fan it iene plak nei it oare, faak op 'e siik nei fiedsel en wetter of om harren negoasje te ferkeapjen op de plakken dy't sy oandogge.
Foarbylden fan Nomaden
- Bedoeïnen
- Roma,
- Sinty
- Touareg
- Masaï.
- Wenweinbewenners
- Sâltnomade
Eartiids
Ek de Hunnen en letter de Avaren wienen in nomadysk folk.
De Yndo-Jeropeanen, dy't harren letter yn it Neolitikum stadichoan ferplakke hawwe en likernôch yn de 20e iuw f.Kr. opsplitse yn ferskate rjochtingen, wienen nomaden en fêstigen har as semy-nomaden.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.