Nol Gregoor
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne10 augustus 1912
berteplakDe Haach
stoarn15 maaie 2000
stjerplakDoorn
wurk
taalNederlânsk
sjenregedichten,
essays,
biografyen

Nol Gregoor (De Haach, 10 augustus 1912 - Doorn, 15 maaie 2000) wie in Nederlânsk amtner, dichter, literator, biograaf en ynterviewer.

Gregoor waard beken mei syn stúdzjes oer it wurk fan Simon Vestdijk. Yn de jierren sechtich wie er ynterviewer by literêre radioprogrammas fan de AVRO en de VARA. Hy hie fraachpetearen mei ûnder oaren de skriuwers Simon Vestdijk, Ferdinand Bordewijk, Hugo Claus, Remco Campert, Harry Mulisch en Willem Brakman.

Gregoor ferstoar yn de âldens fan 87 jier yn fersoarchingshûs Boswijk yn Doorn.

Publikaasjes

In kar:

  • Simon Vestdijk en Lahringen (1958).
  • Aantekeningen bij S. Vestdijk's Kind tussen vier vrouwen (1973).
  • De heer Hop herinnert zich (1987). Koart ferhaal oer Willem Brakman

Keppelings om utens en boarnen

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.