Noddys
wytkapnoddy (Anous minutus)
wytkapnoddy (Anous minutus)
Taksonomy
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
ûnderskift:miuwen en sibben (Lari)
famylje:miuwfûgels (Laridae)
ûnderfamylje:noddys (Anoinae)

De noddys (Anoinae) binne in groep of ûnderfamylje fan seefûgels út de famylje fan de miuwfûgels (Laridae). De noddys binne middelgrutte slanke seefûgels fan de tropyske oseanen. Yn Jeropa komme se net foar. Tradisioneel wurde se ta de stirnzen rekkene, mar it blykt dat se better as aparte groep sjoen wêze kinne, Bull. B.O.C. 2020 140(2), 195). De wite noddy of opaalstirns nimt in aparte posysje yn en foarmt mooglik in eigen ûnderfamylje (Gyginae) fan 1-3 soarten[1].

Klassifikaasje

De groep (of ûnderfamylje) fan de noddys (Anoinae) omfet foljende skaaien en soarten::

  • Underfamylje: Anoinae (noddys)
    • Skaai: Anous
      • Soarte: wytkapnoddy of swarte noddy (Anous minutus)
      • Soarte: brune noddy (Anous stolidus)
      • Soarte: lytse noddy (Anous tenuirostris)
      • Soarte: blauwe noddy (Anous ceruleus of Procelsterna cerulea)
      • Soarte: grize noddy (Anous albivitta of Procelsterna albivitta)
    • Skaai: Gygis
      • Soarte: opaalstirns of wite noddy (Gygis alba)

Referinsjes

  1. H. Douglas Praat, Species limits and English names in the genus Gygis (Laridae)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.