It Nije Hiem
algemiene gegevens
oarspr. titelNoatun
auteurWilliam Heinesen
taalDeensk
foarmroman
sjenrekollektive roman
1e publikaasje1938, Tórshavn
oersetting nei it Frysk
Fryske titelIt Nije Hiem
publikaasje1972, Ljouwert
útjouwerDe Terp
oersetterGerryt Dykstra

It Nije Hiem, yn it oarspronklike Deensk: Noatun (al is it eins in Fêreusk wurd dat stavere heart te wurden as Nóatún), is in roman fan 'e hân fan 'e Fêreuske skriuwer, dichter, oersetter, keunstskilder, keunstkritikus en komponist William Heinesen (1900-1991). It is in kollektive roman dy't ta de streaming fan it sosjaal reälisme heart, en dy't ferhellet oer in groep earme boeren en fiskers dy't besykje op in ôfhandich plak in nij bestean op te bouwen. Noatun waard foar it earst publisearre yn 1938, en wie ien fan Heinesen syn grutste literêre súksessen. It is oerset yn ferskate talen, wêrûnder it Fêreusk. De Fryske fertaling, fan Gerryt Dykstra, ferskynde yn 1972.

Ynhâld

De roman fertelt it ferhaal fan in kloft earmoedige boeren en fiskers dy't besykje en bou in nij en frij bestean op troch har nei wenjen te setten yn 'e woeste Deademansdelling. Dat is in lyts stikje goede grûn dat ynklamme leit tusken ûnbrûkber rotslân oan 'e stiennige kliffen fan Atlantyske kust fan 'e Fêreu-eilannen. De mienskip moat sterke natoerkrêften sjen te oerwinnen, lykas de wylde oseaan en de strange winter. Teffens moatte se har te skrep sette tsjin 'e ûnmeilydsume Fêreuske natoer, de tsjinwurking troch grutboer Sigvard, de bemuoisucht fan religieuze sekten en de ellinde fan 'e Spaanske gryp.

Mei't it hjir om in kollektive roman giet, en de bedoeling fan in kollektive roman no krekt is om in groep lju mei-inoar ta haadpersoan te meitsjen, springt eins net ien fan 'e personaazjes der echt út. Sels Niels Peter, dy't dúdlikernôch út ferve kommen is, dat syn namme de titel fan 'e Ingelske oersetting wurden is, ûnderskiedt him net bysûnder fan 'e oaren. Troch it koppige bodzjen en krewearjen fan 'e leden fan 'e lytse mienskip slagget it har dochs om 'e Deademansdelling te feroarjen yn in libbene delsetting dy't hja fan Nóatún neame, en harren nije fjoertoer wurdt in symboal fan harren kriich en oerwinning.

Fryske oersetting

Noatun waard yn 1972 ûnder de titel It Nije Hiem yn it Frysk oerset troch Gerryt Dykstra (1879-1973), fan berop learaar Dútsk, dy't ek ferantwurdlik wie foar it ferfryskjen fan û.m. de Aldiislânske Gunnlaugssêge. De 279 siden tellende fertaling fan Noatun waard útbrocht by De Terp te Ljouwert.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Heinesen, William, It Nije Hiem (oers. Gerryt Dykstra), Ljouwert, 1972 (De Terp), sûnder ISBN.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.