De lokaasje fan it Noardwesten yn de Feriene Steaten.
(read = altyd meirekkene; arsearre = soms meirekkene)

It Noardwesten, it Amerikaanske Noardwesten of de Noardwestlike Feriene Steaten is in ynformele geografyske regio fan 'e Feriene Steaten. Under dizze oantsjutting wurde altyd de steaten Washington en Oregon beflapt, mei meastal dêropta Idaho en soms ek Montana en Wyoming. Inkeld wurdt ek súdeastlik Alaska wol ta it Amerikaanske Noardwesten rekkene. It Pasifyske Noardwesten is net alhiel itselde; dêrby giet it inkeld om 'e steaten Washington en Oregon (en soms súdeastlik Alaska). It Noardwesten makket yn syn gehiel diel út fan 'e gruttere krite fan it Amerikaanske Westen.

De skyline fan Seattle, de grutste stêd yn it Amerikaanske Noardwesten.

Krekt sa't dat mei it Amerikaanske Súdwesten it gefal is, is de oantsjutting "it Noardwesten" meitiid fierder nei it westen ta opskood. Yn 'e njoggentjinde iuw waard mei "it Noardwesten" (no ta ûnderskie ornaris "it Alde Noardwesten" neamd) it Noardwestlike Territoarium bedoeld, dat stadichoan mei it tij fan 'e kolonisaasje nei it westen ta ferskode troch it gebiet fan 'e Grutte Marren, it Amerikaanske Midwesten en de regio fan 'e Rocky Mountains hinne, oant it úteinlik kaam gear te fallen mei wat no it Noardwesten is. It hjoeddeiske gebiet beslacht fierhinne it âlde Oregon-territoarium, dat yn 1848 ûntstie. It kin ek grutdiels lykslein wurde mei de statistyske Federale Regio X, dy't Oregon, Washington, Idaho en Alaska omfiemet.

Yn syn breedste betsjutting hat it Amerikaanske Noardwesten tsjintwurdich krapoan 14 miljoen ynwenners. De grutste stêd yn it gebiet is Seattle, folge troch Portland, Boise, Spokane, Tacoma en Vancouver (Washington). Guon fan 'e fluchst groeiende lytsere Amerikaanske stêden lizze ek yn it gebiet, wêrûnder Bellevue, Kennewick, Pasco en Yakima. Polityk sjoen bestiet der in kleau tusken Washington en Oregon, dy't sûnt 1988 by presidintsferkiezings altyd Demokratysk stimd hawwe, en Idaho en de oare steaten, dêr't krekt altyd Republikeinsk stimd wurdt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.