De Noardlike Krústochten of Baltyske Kruistochten ferwize nei de fjildtochten dy't de keningen fan Denemark en Sweden, de Dútske Oarder en de Lyflânske Swurdbruorren yn 'e 12e en 13e iuw fierden tsjin de heidenske folken dy't oan 'e súdlike en eastlike iggen fan 'e Eastsee wennnen. Mei de krústochten woenen de foarstehuzen en ridderoarders de Slavyske en Baltyske stamgebieten ûnder harren bewâld bringe en kerstenje. Dêrneist woenen de foarstehuzen en ridderoarders de ynfloed fan 'e eastersk-otterdokse tsjerke beheine. Nei't de eigentlike krústochten lang om let dochs mislearre wienen, waard it Baltyske gebiet as alternatyf keazen. Boppedat wie it in kâns foar de adel om harren macht en ekonomy út te wreidzjen.
Krústochten per regio
Per regio waarden de neikommende stammen troch de kristlike buorlannen ferovere en kerstene:
- Yn Skandinaavje kin de Kalmare ledung fan 1123 as de earste krústocht yn it Eastseegebiet beskôge wurde. De Noardske kening naam de lieding om it gebiet Småland te kerstenjen. Yn 1249 wie de twadde Sweedske Krústocht yn Midden-Finlân en yn 1293 wie de tredde Sweedske Krústocht yn East-Finlân. Oer it bestean fan in earste Sweedske Krústocht binne inkeld oanwizingen, mar gjin bewiis fûn. It súdwesten fan Finlân waard earder al troch missionarissen kerstene.
- De Polaben, Sorben en Abodriten tusken de rivieren Elbe en Oder (troch it Hillige Roomske Ryk, Denen en Poalen. De Wendyske Krústocht fan 1147.
- De Dútsers en Denen begûnen in krústocht tsjin de Lyflanners, Letgallen, Selen en Esten yn it tiidrek 1193-1227.
- De Semgallen en Koeren waarden yn it tiidrek 1219–1290 troch Dútsers en Denen kerstene.
- Yn 966 besocht Mieszko I fan Polen de Aldprusen (of ienfâldichwei Prusen) te kerstenjen. Yn 1217–1274 wie de grutte Prusyske Krústocht dy't oanfierd waard troch it Hillige Roomske Ryk, de Dútske Oarder en it Keninkryk Poalen.
- Tusken 1236 en 1410 organisearren de Dútsers in krústocht tsjin de Samogiten en Litouwers. De Samiten waarden yn 1413 as lêste groep kerstene.