De Noardlike realisten (ek wol oantsjut mei It ûnôfhinklik realisme), foarmje in hjoeddeiske keunststreaming dy't realistyske keunst meitsje wol en dy't ônôfhinklik fan it reguliere keunstsirkwy en de fêstige keunstwrâld in grut publyk wit te berikken. It is gjin organisaasje fan keunstners en it ferskaat oan stilen yn de groep binne grut, mar allegearre hingje sy oan realisme mei werkerbere foarstellings.

Resinte skiednis

It realisme as keunstrjochting hat yn de avant-gardistyske 20e iuw net folle wurdearring fûn by de fêstige keunstwrâld (-kritisy), lykwols is dizze rjochting nea fuort west. Der binne altyd keunstners trou bleaun oan dizze foarm fan keunstútering. Yn Nederlân bygelyks de magysk realisten Carel Willink, Dick Ket en Pyke Koch.

Oarspronklik op gong brocht troch de Groep van de figuratieve abstractie, ek wol 'De Groep' neamd, oan de Rijksacademie te Amsterdam, rjochten hieltiid mear keunstners harren ta it realisme. Dizze stylstreaming ferpleatste har om 1980 hinne nei it Noarden doe't 'de abstracten' op de Ryksakademy de oerhân krigen. Teloarstelde figurative keunstners sochten doe romte yn it noardeasten fan it lân. Foaral ûnder de ynfloed fan Akademy Minerva yn Grins ûntstie dêre, mei troch Wout Muller, Henk Helmantel en Matthijs Röling, ûnder de namme 'Fuji Art Association', ein 20e iuw, it saneamde Noardlik realisme. Ferspraat oer Nederlân en Belgje, skipen hieltiid mear keunstners it 'realisme-firus'. Yn Amsterdam binne bekende nammen Kik Zeiler en Bernardien Sternheim. Galery Mokum yn Amsterdam fertsjintwurdicht in protte fan de hjoeddeiske realistiske keunstners. Wilens binne der yn 2006 en pear hûndert keunstners warber yn dizze rjochting en harren wurk wurdt goed besjoen en ferkocht.

1998: De earste Unôfhinklike realisten útstalling

De fêstige keunstwrâld hie net folle op mei dizze streaming. Dochs besykje dizze realisten, stipe troch in stikmannich galerys, harren eigen gong te gean en omtinken foar harren keunst te krijen by it grutte publyk. Museum Møhlmann hat dêrby in wichtige rol spile troch de realisten in platfoarm te bieden en har útstallingsromte beskikber te stellen.

Keunstskilder Rob Møhlmann en syn frou Laura makken yn 1998 de ‘Eerste Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling’ mooglik. Fan dan ôf is der jierliks in tentoanstelling fan ûnôfhinklike realisten yn Museum Møhlmann.

Dielnimmende keunstners sûnt 1998

Aad Hofman - Ad Haring - Adolfo Ramón - Anita Franken - Ari Stolk - Ben Rikken - Ben Snijders - Bernardien Sternheim - Berry Kuiper - Bert Kinderdijk - Carel Huls - Carel Willink - Carla Roodenberg - Cas Waterman - Charles Henri - Chris Herenius - Christa Hoek - Cis Koetse - Clary Mastenbroek - Con van Velsen - Dick Oostra - Diederik Kraaijpoel - Dina Belga - Dinie Boogaart - Don Clarke - Douwe Elias - Drago Pecenica - Ed Schouten - Ed Ubels - Eliot Allsop - Ellis Tertoolen - Epco Cordèl - Erik de Jong - Evert Thielen - Flip Gaasendam - Frances Wohl - Frans Klerkx - Ger Eikendal - Ger Stallenberg - Gerard van de Weerd - Gerrit de Vries (keunstner) - Gerry Dobbelaer - Gert Kemper - Gezien van de Riet - Han van Hagen - Hans Bayens - Hans Deuss - Hans Feyerabend - Hans Parlevliet - Harry Meerveld - Hendrik Elings - Henk Helmantel - Hennie van der Vegt - Herman Tulp - Herman van Hoogdalem - Hilda Snoeijer - Hiske Wiersma - Jan Jaap Stigter - Jan van der Kooi - Jan van der Scheer - Janhendrik Dolsma - Janine Starke - Jannes Kleiker - Jasper van Putten - Joggem de Graaf - Johfra - Joke Frima - Joost Doornik - Joost van Kempen - Kenne Grégoire - Kik Zeiler - Lammert Joustra - Maarten Welbergen - Magda Francot - Margreet Bech - Margreet Bosker - Maria de Ruiter de Witt - Melle - Michael Hiep - Michiel Kranendonk - Michiel Schrijver - Monica Jonkergauw - Onno Boerwinkel - Paul Boswijk - Paul Wieggers - Petar Meseldzija - Peter Boekholt - Peter Durieux - Pierre Roger - Piet Deunhouwer - Piet Sebens - Pieter Knorr - Pieter Pander - Piets Althuis - Quirhijn - Ralph Douglas - Rein Pol - Reinder Homan - René Jansen - Rien van Uitert - Rob Houdijk - Rob Møhlmann - Robert Daalmeijer - Robin d'Arcy Shillcock - Roelof de Roo - Roger Braun - Romee Kanis - Rosalie Hammink - Ruth van Royen - Ruud Spil - Ruud Verkerk - Sam Drukker - Sofie Hupkens - Tamara Muller - Tobias Baanders - Walter Elst - Wilfried van den Boorn - Wim van der Kant - Wout Muller - Jef Diels - Akinori Miura - Renaat Veris - Charles Donker - Eric De Vree - Carla Rodenberg -

Musea en galerys

Ynisjatiefnimmers dy't wichtich binne foar de ûntjouwing fan dizze streaming:

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Realisten 1998, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811002 (Eerste Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 1999, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811010 (Tweede Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2000, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811029 (Derde Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2001, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 906881107X (Vierde Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2002, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811088 (Vijfde Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2003, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811193 (Zesde Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2004, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811223 (Zevende Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2005, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811282 (Achtste Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2006, Amsterdam: Uitgeverij Van Soeren & Co, ISBN 9068811312 (Negende Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
  • Realisten 2008, Appingedam: Museum Møhlman, ISBN 9789099607130 (Tiende Onafhankelijke Realisten Tentoonstelling)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.