De Noarderpoarte is in earderre wetterpoarte fan Snits.
De poarte is boud om 1493 as ûnderdiel fan de Festingwurken fan Snits en lei oan de Boalserterwei en foarme de yngong fan de stêd fanút de rjochting Boalsert.
Oan beide siden fan de poarte stienen tuorren mei oan de westside in stienen treppen. Yn de toer waard it stedsbuskrûd en munysje bewarre, letter waard it gebou brûkt as finzenis. Yn 1770 waard it gebou ferfraaid mei it Wapen fan Snits en twa útsniene fazen. Bûten de poarte wie in saneamd Hynstewâd. Foar de ferdigening wie de poarte op in momint net mear nedich en de romte moast brûkt wurde foar de ferbreding fan de Boalserterwei. Doe is de Noarderpoarte yn 1843 sloopt.
By gelegenheid fan de fiering fan Keninginnedei 1993 is de poarte foar ien kear wer delsetten. Tichtby de lokaasje fan de âlde poarte is no in brassery en in strjitte mei deselde namme.