De Noarderhoek II is in wenwyk binnen de stêd stêd Snits. De wyk telt (yyn 2008) 3190 ynwenners en hat in oerflakte fan 218 hektare (wêrfan 10 hektare wetter).
De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk De Lotten, yn it easten oan de Noarderhoek I, yn it suden oan de Himdyk en yn it westen oan de wyk Harinxmalân.
De wyk wurdt diels begrinze troch de Worp Tjaardastrjitte en de Stedsrûnwei Noard, dy 't ek de wichtichste ferkearsieren foarmje. Yn it westen wurdt de wyyk begrinze troch de Frjentsjerter Feart.
Histoarje en bebouwing
It grutste diel fan de bebouwing yn de wyk is boud yn de perioade tusken 1945 en 1975. De measte wenningen yn de wyk binne iengesinswenningen en flats. Yn de wyk steane 3 galerijflats fan mear as 8 wenlagen, de saneamde Furmerusflats, dêrneist steane der in soad portykflats mei maksimaal 4 wenlagen. It grutste diel fan de wyk bestiet út hierwenningen dy't beheard wurde troch Wenningstichting De Wieren.
Yn de wyk is de wykferiening Noarderhoek aktyf. De feriening beheart it wyksintrum Skuttersheuvel en bringt it wykblêd De Schuttersbode út.
Sportpark Noarderhoek wie oant 2006 it sportpark fan de wyk. It park en de byhearrende C. Kan hal waarden yn 2007 sloopt. Dit park is in dit jier ferfongen troch Sportsintrum Skuttersfjild, dat ten westen fan de Furmerusflats leit.
Strjitnammen
De strjitten yn de wyk binne meast ferneamd nei grutte Fryske kronykskriuwers en -dichters as:
Strjitnamme | Ferneaming |
---|---|
Edo Jongamastrjite | Edo Jongama (16e iuw), Skierings haadling en skriuwer fan Fryske kroaniken |
Jancko Douwemastrjitte | Jancko Douwama (1482-1533), Frysk politikus en skriuwer |
Obe Postmastrjitte | Obe Postma (1868-1963), Frysk dichter |
Worp Tjaardastrjitte | Worp fan Thabor (16e iuw), Frysk skriuwer fan kroniken |
Foarsjennings
- Folkstúnenkompleks Nut en Genoegen
- It wyksintrum Skuttersheuvel
- Sportsintrum Skuttersfjild
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
wizigje |