Noardburgum | ||
Untginningspleats Groot Veldlust | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.290 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 10,49 km², wêrfan: - lân: 10,18 km² - wetter: 0,31 km² | |
Befolkingsticht. | 234 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13' N 6° 00' E | |
Lokaasje Noarburgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Side Noardburgum | ||
Kaart | ||
Noardburgum (by âldere minsken ek bekend as Burgerheide) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Lykas de namme al oanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, eastlik fan Hurdegaryp tusken Ljouwert en Grins oan de N355 .
In diel fan de buorskippen Kûkherne en Quatrebras falle ûnder Noardburgum.
Noardburgum hat 2.290 (1 jannewaris 2023)[2]
Skiednis
Noardburgum is yn de 19e iuw ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selsstannich doarp waard.
Yn de jierren 1990 is it tal ynwenners bot tanaam en sûnt heart Noardburgum ta de gruttere plakken fan Tytsjerksteradiel.
Mienskip
Der is in feriening foar Doarpsbelang, dy't gearkomt yn it doarpshûs 'De Balstien' oan de Van Cronenburgwei, dêr ek it pjutteboartersplak 'Krobbenêst' ûnderbrocht is. De stifting Feestkommisje '50 soarget foar festiviteiten. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante "Heidepraat". Nij Toutenburch is it fersoargingshûs oan de Simmerwei.
Tsjerken
It doarp hat trije tsjerken.
- Protestantske tsjerke fan Noardburgum
- Pleintsjerke (Baptisten tsjerke)
- Immanuel (Grifformeard-frijmakke tsjerke)
Skoalle
De kristlike basiskoalle Immanuel en iepenbiere basisskoalle De Oerstek binne sûnt augustus 2019 tegearre gien.
Ferienings
- Fûgelwacht Noardburgum
- Fuotbalferiening Noardburgum
- Iisklup Eensgezindheid Noardburgum - iisklup
- Basketbalferiening Noardburgum
- Skaakklup NEO
- Skouting De Twirre
- De Heideklup - fytscross
- Selskip Noardburgum - toaniel
- De Heidehippers - folksdûnsjen
- Bernlef - brassband
- Los fan it Wiif - biljerten
- Stichting Heidepiraten
Berne
- Abe Brouwer (1901-1985); skriuwer. It nei him neamde Abe Brouwerpaad waard troch himsels mei syn bruorren oanlein.
- Nyk de Vries (1971-); skriuwer en muzikant
Strjitten
Alle strjitten yn Noardburgum.
Iepenbier ferfier
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
Publikaasje(s)
- Koonstra e.A. "Noordbergum in woord en beeld" (1985)
Ofbylden
- Wâldhûske oan de Hanegraaffwei
- Basisskoalle De Klimstien
- Kop-hals-romp-pleats Ryksstrjitwei
- Eardere Skoalle mei de Bibel
Museum
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
wizigje |