Noardalbingje yn Saksen om 1000 hinne. It gebiet benoarden is de Deenske Mark/Mark fan Sleeswyk, wylst beëasten de Limes Saxoniae is.

██ Noardalbingje

██ Oare parten fan Saksen

██ Rest fan it Keninkryk Dútslân

Noardalbingje (Dútsk: Nordalbingien) wie yn fan de fjouwer distrikten fan it midsiuwske Stamhartochdom Saksen. De oare distrikten wiene Westfalen, Engern en Eastfalen. De namme Noardalbingje komt fan de Latynske namme fan de rivier de Elbe, Alba en it gebiet lei benoarden de Elbe. It omfiemet sa likernôch it hjoeddeiske Holstein en Hamburch yn it noarden fan Dútslân. It gebiet wie it oarspronklike stamgebiet fan de Saksen.

Geografy

Neffens de Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum út 1076 dat skreaun wie troch Adam fan Bremen bestie Noardalbingje út trije goaen neffens stamgebieten:

  • Dytmarsken, dat oan de Noardsee tusken de mûning fan de Elbe en de rivier de Eider lei.
  • Holstein, dat om de rivier de Stör, in sydrivier fan de Elbe, hinne lei.
  • Stormarn, oan de noardigge fan de Elbe, dêr't it hjoeddeiske Hamburch ek by hearde.

De Noardalbingyske stammen wiene yn alliânsje mei de Saksyske stammen fan it Hodelerlân (Haduloha), besuden de Elbe. Yn it easten foarme de Limes Saxoniae in natuerlike grins tusken de Elbe en de Fjord fan Kiel mei it gebiet Wagrien, dat bewenne wie troch de Slavyske Abodriten.

Skiednis

Yn 772 sette Karel de Grutte, kening fan de Franken, út ein mei de Saksekriich om de Saksen te ûnderwerpen. Neffens de Keninklike Frankyske Annalen wegere de Saksyske lieder Widukind te ferskinen op de Ryksdei yn Paderborn yn 777 en luts him werom nei Noardalbingje of faaks noch fierder nei Denemark. Sels nei de oerjefte en it dopen fan Widukind yn 785, bleaune de Noardalbingyske stammen harren fersetten tsjin de besetters. Yn 798 waarden hja einlings ferslein yn de Slach by Bornhöved troch de Franken mei help fan de Abodriten. De Saksen ferlearen 4000 minsken en 10.000 Saksyske famyljes waarden ferfierd nei oare parten fan it Karolingyske Ryk.
It gebiet benoarden de Elbe waard ynearsten oan de Abodriten jûn, wylst it Hodelerlân ûnder streekrjocht bestjoer kaam. Noardalbingje waard lykwols al fluch oanfallen troch de Denen, mar Karel de Grutte syn soan Karel de Jongere ferdreau de Denen werom oan de oare kant fan de Eider. It oare jier hie de keizer de boarch Esesfeld by Itzehoe bouwe litten en it gânse gebiet waard yn it Frankyske Ryk ynlive. Om oare Deenske oanfallen tefoaren te kommen stiften de Franken de Deenske Mark tusken de Eider en de benoarden fersterke grins Danevirke. De Deenske kening Hemming sleat yn 811 it Ferdrach fan Heiligen mei Karel de Grutte, dat de Eider as grins tusken Denemark en Frânsje bepaalde. Der bleaune lykwols rebúljes fan beide kanten oant de Saksyske hartoch Hindrik de Fûgelder, dy't ek kening fan East-Frânsje wie, de Denen yn 934 by Hedeby fersloech.
Nei de dea fan Karel de Grutte yn 814 mochten de Noardalbingyske Saksen harren lân wer werom hawwe, dy't hja earder oan de Abodriten ôfstean hawwe moatten. De keizer wie faaks fan doel en stiftsje in bisdom yn Noardalbingje ûnder lieding fan preester Heridag. It plan wie skrast doe't Heridag ferstoar en it gebiet kaam ûnder it aartsbisdom Bremen en Verden yn de tiid fan keizer Loadewyk de Fromme. Yn 831 waard Ansgar biskop fan Hamburch.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.