De lizzing fan Noard-Nederlân yn Nederlân.

Noard-Nederlân is in Nederlânske regio (ek wol lânsdiel neamd) dy't de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte omfiemet. Dit gebiet foarmet in statistyske NUTS 1-regio, en sûnt 1992 wurkje de trije provinsjes gear yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (GNN).

It GNN

It doel fan it GNN is om 'e ekonomyske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn 2013 waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota Noordervisie2040. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn De Haach en de Jeropeeske Uny yn Brussel. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden Grins, Ljouwert, Assen en Emmen.

As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde Gebiedsagenda Noord-Nederland, dy't datearret út 2009. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn 2014 noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt 2010 in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.

Grutste gemeenten

GemeenteYnwenners
(1 jannewaris 2024)
Provinsje
Grins243.366 Grinslân
Ljouwert128.867 Fryslân
Emmen109.372 Drinte
Súdwest-Fryslân90.436 Fryslân
Assen69.729 Drinte
Westerkertier64.806 Grinslân
Midden-Grinslân61.437 Grinslân
Smellingerlân56.626 Fryslân
Hoogeveen56.615 Drinte
De Fryske Marren51.938 Fryslân
It Hearrenfean51.812 Fryslân
It Hegelân48.231 Grinslân
De Waadhoeke46.894 Fryslân
Iemsdelta45.070 Grinslân
Noardeast-Fryslân45.884 Fryslân
Aldamt39.433 Grinslân
Coevorden35.712 Drinte
Meppel35.786 Drinte
Tynaarlo34.756 Drinte
Midden-Drinte34.073 Drinte

Boarne:CBS Statlline

Grutste plakken

De 10 grutste plakken yn Noard-Nederlân binne:

Plaatsnaam 2018 2019 2020 2021 2022 Provincie
1 Grins 190.560191.342203.105202.900203.955 Grinslân
2 Ljouwert 92.23592.00093.39593.68094.650 Fryslân
3 Assen 66.52567.96367.76068.00568.250 Drinte
4 Emmen 56.49056.54556.56056.64057.395 Drinte
5 Drachten 45.08045.17045.53445.34545.212 Fryslân
6 Hoogeveen 40.26039.44540.13039.93240.174 Drinte
7 Snits 33.96033.37933.78133.85534.157 Fryslân
8 It Hearrenfean 29.11529.98430.36830.65531.099 Fryslân
9 Meppel 29.33529.32829.75830.06330.444 Drinte
10 Hegesân 21.80521.85021.91521.87021.965 Grinslân

Boarne: CBS Statline

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe link, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.