Nikki Anderson
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nicki Anderson, Nikki Andersson,
Nikky Andersson, Nici Anderson
echte nammeNikoletta Prusinszky
nasjonaliteit Hongaarsk
berne11 maart 1977
berteplak ? (Hongarije)
etnisiteit Slowaaksk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf19962004
offisjele webside
gjint

Nikki Anderson, echte namme: Nikoletta Prusinszky (11 maart 1977), is in rêstend Hongaarsk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Slowaaksk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Nicki Anderson, Nikki Andersson, Nikky Andersson en Nici Anderson.

Libben

Nikki Anderson wurke as kosmetika- en linzjerymodel en teffens as stripper foar't se yn 1996, op har njoggentjinde, ûntdutsen waard troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Dy beprate har om noch datselde jiers har debút as pornoaktrise te meitsjen yn syn pornografyske film The Pyramid 3, in superproduksje fan it Sweedske Private-label, dy't yn Egypte opnommen waard. Anderson sleat in kontrakt ôf mei Private en spile sadwaande ek dêrnei noch in protte yn Private-films, yn 't earstoan útslutend ûnder rezjy fan Woodman, mar dy leafde bekuolle yn 1997, doe't har agint ûnder de opnamen fan The Fugitive 2, yn Austraalje, mei Woodman deilis rekke. Neitiid wurke Anderson foar regisseurs as Christophe Clarke, Marc Dorsel en Rocco Siffredi.

Ein 1997 stiek se de Atlantyske Oseaan oer nei de Feriene Steaten, dêr't se wurke foar sokke foaroansteande labels as Sin City, Evil Angel, Wicked Pictures, Elegant Angel en Adam & Eve. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 100 pornofilms. Har aktearwurk waard bekroane mei twa Hot d'Ors (de wichtichste Jeropeeske pornografypriis), dêr't se ien fan wûn yn 1997 (foar bêste Jeropeeske stjer) en de oare yn 1999 (foar bêste Jeropeeske aktrise). Njonken har aktearwurk posearre se ek in soad foar neakenblêden; sa stie se yn 2000 yn 'e Penthouse, doe't se de Penthouse Pet fan 'e moanne maaie wie. Yn 2004 loek Anderson har werom út 'e pornoyndustry om yn in foarstêd fan 'e Hongaarske haadstêd Boedapest in gesin te stiftsjen.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1997 Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske stjer Sweet Lady
1999 Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske aktrise L'Enjeu du Desir
2000 FICEB Ninfa Award wûn bêste lesbyske sêne (mei Kate More en Silvia Saint) Alexia and Cie

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.