Nikita von James
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nikita Jaymes, Nikkita James
echte namme ?
nasjonaliteit Russysk
berne11 april 1977
berteplakSmolensk (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf20092017
offisjele webside
www.nikitavonjames.com

Nikita von James, echte namme ûnbekend (Smolensk, 11 april 1977), is in Russysk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Nikita Jaymes en Nikkita James. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34D, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

Von James waard yn 1977 berne yn 'e Westrussyske stêd Smolensk, dêr't se ek opgroeide. As bern siet se op ballet en turnjen en die se ek oan tennis en basketbal. Nei eigen sizzen die se har earste seksuële ûnderfining op doe't se sechstjin jier wie.

Foar't se in karriêre as pornoaktrise begûn, wurke Von James tsien jier lang as stripper yn ferskate Russyske en letter ek Amerikaanske stripklubs. Yn 2008, doe't se 31 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske sêne foar de pornowebside Brazzers.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Pure Play Media, New Sensations, Evil Angel, Devil's Film, Third Degree Films, Diabolic Video, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Hustler Video.

Ek hat Von James in protte wurke foar pornosites op it ynternet, net allinnich foar Brazzers, mar ek foar BangBros, Naughty America en Muffia. Yn 2014 waard se nominearre foar in Xbiz Award yn 'e kategory milf-artyste fan it jier. Njonken har aktearwurk is Von James út en troch ek wurksum as neakenmodel en hat se foar ferskate manljusblêden posearre.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.