Nijskoat | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 180 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' N 5° 55' E | |
Offisjele webside | ||
nieuweschoot.info | ||
Kaart | ||
Lokaasje Nijskoat yn Fryslân
| ||
Kaart | ||
Lokaasje Nijskoat (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean. |
Nijskoat is in doarp yn 'e gemeente It Hearrenfean yn it suden fan Fryslân. It doarp leit by de suderein fan de flek It Hearrenfean, besuden it rekreaasjegebiet De Heide.
It doarp hat 180 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
It doarp is ûntstien op in glasiale sânrêch. De namme is ôflaat fan "skoat", dat "heech lân" betsjut. "Nij" ûnderskiedt it doarp fan Aldskoat.
Oan 'e westkant fan it doarp rint de Engelenfeart, dy’t yn 1840 groeven is om de Feanskieding – it eastlike ferlingde fan 'e Skoatterlânske Kompanjonsfeart – yn ferbining te bringen mei de Tsjonger. Foardat dy feart groeven waard rûn de frij tin beboude streek by twa paden del fierder nei it westen ta troch oant wat no it eastlike gedielte fan Rotstergaast is. Oan 'e noardside wurdt Nijskoat begrinze troch de wenwyk en it rekreaasjegebiet De Heide yn It Hearrenfean. 'Nijskoat' is it lytste doarp yn 'e gemeente It Hearrenfean mei ien wei, de Rotstergaastwei.
Yn it ferline lei Nijskoat tusken it spoar en de Engelenfeart. Mei de komst fan it krematoarium en de útwreiding fan it yndustryterrein Súd fan It Hearrenfean is de eastlike grins inkele hûnderten meters opskood. Formeel binne in oantal Skoatters dêrtroch yn It Hearrenfean komd te wenjen. Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Op 26 septimber 2009 hie de liedklok fan Nijskoat nei 25 jier wer lûd.
Doarpswapen en flagge
Nijskoat hat sûnt 2006 in doarpswapen en -flagge. 'Skoat' betsjut 'foarútspringend stik lân' en wurdt útbylde mei de griene punt yn it gouden skyld. De sulveren klaver yn 'e foet fan it skyld ferwiist nei it agraryske karakter fan Nijskoat. Op de kaart fan Schotanus (begjin 18e iuw) steane twa einekoaien oanjûn, op it wapen is dat it reade eintsje. De iketûken en de ikels jouwe de ikebosk by Nijskoat oan. In iik jout net allinnich timmerhout, mar waard eartiids ek in soad as bargefoer jûn en fan de bast waard loaistof makke. De gouden eftergrûn jout de sângrûn oan. De reade seame fan 'e griene punt op de flagge stiet symboal foar de lintbebouwing fan Nijskoat.
Mienskip
Nijskoat hat sûnt 1931 in Pleatslik Belang. De doapskrante Skoatter Doarpsnijs bestiet sûnt 1987.
In jierlikse tradysje is it boskfeest. De buorljudei is yn septimber en op 11 novimber rinne de bern mei lampions. Yn desimber is de krystfiering yn it tsjerkje mei in ôfslutend stamppotbuffet yn De Stâl.[3]
Ferienings
- Fuotbalferiening Nijskoat. De fuotbalklup spilet sûnt de jierren 70 net mear yn doarp mar op It Hearrenfean, de bining mei it doarp is dêrtroch minder wurden.
Berne yn Nijskoat
- Yep Kramer (15 novimber 1957), hurdrider
- Reitze Jonkman ( 1957 ), frisist en taalsosjolooch
Befolking
2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
149 | 153 | 147 | 145 | 153 | 133 | 144 | 142 | 185 |
Oars
- Yn it súdlike doarpsgebiet leit yn it fermidden fan greide it Taconisbosk, in natoergebiet fan it Fryske Gea.
- It Tsjerkepaad is in iuwenâld fuotpaad troch lannen en oer hiemen dat de ferbining foarme tusken Aldskoat en Rotstergaast. It hat as feekearing ferskate klaphikjes. By de oanlis foar it bedriuweterrein is in stik fan it paad ferdwûn. It waard ek wol Skoalpaad neamd.
Strjitten
- Rotstergaastwei - yn it ferlingde fan de Heremawei fan it spoar yn westlike rjochting fan Rotstergaast nei Rottum. De wei stiet al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, mar is sûnder mis âlder.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
De Heide |
De Greiden |
De Ikkers |
Hearrenfean-Midden |
Hearrenfean-Noard |
Nijehaske |
Skoatterwâld
|
It Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
wizigje |