Nijhoarne
Himrik fan  Nijhoarne
gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen  ??
Ynwenners (2010) 1.489
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 57' NB, 6° 3' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8414
Webstee www.oude-nieuwehorne.nl

Nijhoarne (Nieuwehorne) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, noardwest fan it trijegemeentenpunt mei de Stellingwerven. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1934 makke it, lykas it susterdoarp Aldhoarne, diel út fan de gemeente Skoatterlân.

Nijhoarne leit lykas in protte oare doarpen yn it gebiet "Tusken Feart en Tsjonger" tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oan de noardkant en de rivier de Tsjonger oan de súdkant. It leit tusken Ketlik en Aldehoarne yn. Der binne in soad houtwâlen. It gebiet hat him ûntwikkele troch de ferfeaning. De Skoatterlânskewei rint mei in soad lintbebouwing troch de doarpen. Yn it noarden fan Nijehoarne is by in fallaat yn de Kompanjonsfeart it buorskip Bontebok ûntstien, dit doarp hat yn 1979 de status fan in apart doarp krige.

Lytse en Grutte Kiekenberch en de tichtby lizzende Ketlikerheide en Ketlikerskar binne unyk. Ald- en Nijhoarne lizze oan De Tsjonger dêr't simmerdeis in soad boaten troch Slûs I farre.

Mienskip

lizzing fan Nijhoarne

Yn Nijhoarne stiet de Sevenaerskoalle it doarpshûs De Kiekenhof. Hjiryn sit ek it pjutteboartersplak De Lytse Bearkes. Op de lêste sneon yn septimber steane Ald- en Nijhoarne yn it teken fan it Flaeijelfeest. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante De Hoarnekrite. De VVV organisearret in soad doarpsaktiviteiten.

Ferienings

Befolking

195419591964196919742004200520062007200820092010
89489888994611311491149414721491148814961489

Strjitten

De strjitten yn Nijhoarne en ferklearring fan de strjitnammen.

Sjoch ek

Iepenbier ferfier

Line fan Qbuzz:

Keppeling om utens

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.