Nijetrine
Trijeweislûs
Trijeweislûs
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal140 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,94 km², wêrfan:
- lân: 5,85 km²
- wetter: 2,09 km²
Befolkingsticht.24 ynw. / km²
Oar
Postkoade8481
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 50' N 5° 54' E
Lokaasje Nijetrine (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Nijetrine (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
www.groteveenpolder.nl
Kaart
Nijetrine (Fryslân)
Nijetrine

Nijetrine is in doarp yn de Grutte Feanpolder tusken Wolvegea en Kuunder oan de N351 yn 'e gemeente Weststellingwerf.

It doarp hat 140 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Namme

Der is gjin wissichheid oer de ferklearring fan de namme. Mooglik soe 'trind' fan it Aldfryske 'trund' stamme, dat nei de foarm fan it eardere doarp 'rûn' betsjut. In oare ferklearring is dat '-trine' ôflaat is fan it tiidwurd 'trahiren' (lûke) en ferwize soe nei in lange rige perselen. In oare mooglikheid is dat '-trine' ôflaat is fan de hillige Katryn, de patroanhillige fan de tsjerke.[3]

Skiednis

Neffens G.P. Mulder yn 'e De Stellingwerfse Dorpsnamen bestie der yn 'e midsiuwen in parochy mei de namme 'Trinde', werút de twa nije parochy's 'Ostrinde' en 'Westrinde' ûntstiene. It âlde diel fan de lytsere parochy waard sûnt 'Oldetrinde' (Aldetrine) neamd. De parochy Westrinde evoluearre oer de namme 'Nije Trinde' yn Nijetrine.

It doarp waard yn 1320 yn in oarkonde fan de biskop fan Utert as 'Nieuwestrinde' neamd. Om 1320 hinne waarden Westrinde en Nijetrinde troch inoar helle om't se noch net oan de nije nammen wend wiene.[4]

Op de Schotanusatlas fan 1716 bestie Nijetrine op de gritenijkaart út wat pleatsen en in pear hûzen. Nijetrine hat in tsjerke hân mei in tuorke, dy't healwei de 18e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard. Foar de reformaasje wie dy tsjerke wijd oan Sint-Katryn, ek wurdt Nikolaas as patroanhillige neamd.[5]

Troch de feanterij om it doarp hinne ûntstie yn 'e 19e iuw de Rottige Meente. De bebouwing ferhûze yn dy tiid fan 'e Binnenwei nei de letter oanleine Pieter Stuyvesantwei, dêr't yn 1919 ek in nij tsjerkje boud waard.[6].

Mienskip

Mûne 'De Reidfink'

It doarp hat in eigen feriening foar Pleatslik Belang. De ferienings fan doarpsbelangen fan de doarpen yn 'e Grutte Feanpolder wurkje nau mei inoar gear. De doarpen hawwe it mienskiplik doarpshûs 't Polderhuus yn Munnikebuorren.

Tsjerke

Befolkingsferrin

Jier1840195419591964196919732007
Ynwenners560249240204217161160
Jier20152020
Ynwenners129140

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Berne

Eveneminten

Gea

Nijetrine leit midden yn it natoergebiet de Rottige Meente, dêr't sûnt de útsetting ek de otter wer syn leefgebiet hat.

Oan it ein fan de yn 1748 groeven Jonkersfeart leit in slûs om trije ferskillende wetternivo's te passearen . De slûs waard yn 1775 oanlein en yn 1927 fernijd en is hjoeddedei in ryksmonumint.[7].

Yn de omkriten steane de eardere poldermoles De Reager en De Reidfink en in pear wynmotors.

Strjitten

Feandyk, Lindedyk, Pieter Stuyvesantwei, Scheenepaad, Spangeahoekwei, Tsjerkewei.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.