|
Nijemardum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren tusken de bosken fan Gaasterlân en de Iselmar. It doarp hat likernôch 480 ynwenners.(2004).
Skiednis
Nijemardum is in streekdoarp dat op de râne fan deselde sânrêch as Aldemardum ûntstien is, nei alle gedachten om 1200 hinne. De streek leit oan de âlde lânwei fan Starum en Sleat. It doarpsgebiet fan Nijemardum hat lânskiplik in opmerklike fariaasje. Súdwestlik stiet in rige buorkerijen oan dy dyk, dêr't it lân fan yn de lege Hoitebuorsterpolder leit. Oan de oare, eastlike kant fan it doarp lizze op de frijwat hege, súdeastlike flank fan Gaasterlân de Heaburgen.
Wierskynlik hat der eartiids in plak Mardum west. Yn de twadde helte fan de 14e iuw is it plak grif splitst. Yn 1399 wurdt skreaun oer Nuwe Merden, noch letter as Naemardum, of Nijemirdum yn 1484 en Nijemardum yn 1493. Yn dy iuw is de tsjerke ek boud, earst grif fan hout en letter fan bakstien. Doe't de tsjerke yn 1833 ôfbrutsen is, bleau allinnich de toer mei syn piramidedak stean. De toer wie eartiids in beaken foar skippen op de Sudersee. Der is in histoarysk begraafplak dêr't ek in pear Ingelske en Kanadeeske piloaten út de Twadde Wrâldkriich lizze. Op it begraafplak is in apart islamitysk hoekje grûn foar de Molukske mienskip reservearre.[2]
Mienskip
Ien kear yn de moanne ferskynt “Doarpsnijs”, in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side De Hoekstien (Nijemardum).
De De Hoekstien oan Lyklamawei 11 is in PKN-tsjerke, dy't oarspronklik as grifformearde tsjerke yn 1899 boud waard. Yn 1926 ûnstie der in skuorring. In diel fan de gemeente gyng oer nei de Grifformearde Tsjerke yn Hersteld Ferbân. Yn 1946 gyng de Grifformearde Tsjerke yn Hersteld Ferbân op yn de Herfoarme Tsjerke. Hja tsjerkten yn in âld skoalgebou, dat yn 2002 sletten waard troch de foarming fan in 'Samen-op-Weg'-gemeente.
Skoalle
- Kristlike basisskoalle 'De Ferbining'
Befolkingsferrin
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2007 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 671 | 581 | 540 | 495 | 434 | 480 | 555 | 570 |
It besjen wurdich
- Yn Nijemardum is sûnt 1997 it Kowemuseum Hast alles oer kij.
- Besuden it doarp stiet de poldermole 't Swaantsje, in ryksmonumint.
Iepenbier ferfier
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
Strjitten
De Griene Singel, Heaburgen, Hege Bouwen, Heidepaad, Hoitebuorren, Lyklamawei, Nij Amearika, Omrin, Wissebuert, Wytlânsdykje.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|