Nijefurd | |
---|---|
![]() De buorskip Laaksum, oan 'e Iselmardyk. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan Nijefurd |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
sifers en geografy | |
haadplak | Warkum |
grutste plak | Warkum |
ynwennertal | 10.957 (2010) |
befolkingstichtens | 109,6 / km² |
oerflak | 289,17 km² |
● wêrfan lân | 96,68 km² |
● wêrfan wetter | 192,49 km² |
tal stêden | 3 |
tal doarpen | 6 |
ferkearsieren | N359 |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |
1851 – 1984 | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |
opheft | 2011 |
opgien yn | ![]() |
no part fan | ![]() |
oar | |
netnûmer | 0514, 0515 |
postkoade | 8584, 8711–8779 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.nijefurd.nl |
Nijefurd (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Nieuweferd of Nijeferd) is in eardere gemeente yn it súdwesten fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 mei 10.957 ynwenners , en besloech in oerflak fan 289,17 km², wêrfan 192,49 km² wetter.
Skiednis
De gemeente Nijefurd waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 gearstald út it grutste part fan de eardere gemeente Himmelumer Aldefurd, feriene mei de gemeenten Warkum, Hylpen en Starum en it doarp Nijhuzum dat earder ta de âlde gemeente Wymbritseradiel heard hie. Om't 'Aldefurd' safolle sizze wol as "âld rjochtsgebiet", waard de nije gemeente 'Nijefurd' doe neamd.

Op 1 jannewaris 2011 gie Nijefurd by in nije gemeentelik weryndieling yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel op yn 'e fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.
Plakken
It haadplak fan Nijefurd wie Warkum, en de oare plakken yn de gemeente wiene: It Heidenskip, Koudum, Hylpen, Himmelum, Molkwar, Nijhuzum, Starum en Warns. Ek de buorskippen Boppebuorren, Galamadammen, Laaksum en Skarl hearden ta Nijefurd.
Sjoch ek
- Hylpen (gemeente)
- Himmelumer Aldefurd
- Starum (gemeente)
- Warkum (gemeente)
- List fan boargemasters fan Nijefurd
- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
![]() | |
---|---|
hjoeddeistige gemeenten | |
eardere gemeenten | |
wizigje |