Nije Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Amsterdam | |
adres | Dam 12 | |
koördinaten | 52° 22' N 4° 53' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Marije, Sint-Katarina | |
status | net mear yn gebrûk as tsjerke no: kultuersintrum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 5940 | |
Webside | ||
Side Nije Tsjerke | ||
Kaart | ||
De Nije Tsjerke yn Amsterdam stiet tusken de Mozes en Aäronstraat oan 'e Dam njonken it Paleis op de Dam.
Skiednis
De Sint-Nikolaastsjerke (no de Alde Tsjerke) wie de earste parochytsjerke fan Amsterdam, mar dy waard troch de ûnbidich grutte groei fan 'e stêd yn 'e twadde helte fan 'e 14e iuw te lyts.
De skiednis fan 'e Nije Tsjerke sette om 1380 hinne út ein yn 'e hôf fan Willem Eggert, dy de bougrûn oan 'e tsjerke skonken hie en de tsjerke finansierde, dy't op 25 novimber 1409 ynwijd waard. Willem Eggert waard yn 1417 begroeven yn 'e foar him boude Eggertkapel.
Op 15 novimber 1408 joech biskop Freark fan Blankenheim fan Utert permisje foar de bou fan de twadde parochytsjerke, mar dy wie doe al in hiel ein hinne. Ynearsten waard de tsjerke oan Us-leaffrouwe wijd en letter waard Sint-Katarina noch as patroanhillige tafoege.
De âldste dielen fan 'e Nije Tsjerke binne it koer en it dwersskip. Om 1435 hinne waard útein set mei de bou fan it skip. Oarspronklik wie it doel om in acht traveeën lang skip te bouwen, mar fanwegen brek oan romte waarden dat der fiif. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard fierder mei de sydskippen boud en waard der in ljochtbeuk op it middenskip set. Nei 1538 waard it noarder dwersskip ferhege oant de hichte fan 'e rest fan 'e tsjerke. Dat is goed te sjen oan de stedsplattegrûn fan Cornelis Anthonissoan út 1538, wêr de tsjerke noch in leech noardlik dwersskip hat.
Der waarden ek plannen makke foar de bou fan in westlike toer. Om 1565 waard mei de oanlis fan it fûnemint útein set, mar de reformaasje makke eefkes letter in ein oan 'e bou. By de byldestoarm yn 1566 bleau de Nije Tsjerke noch sparre, mar nei de Alteraasje fan 1578 waard de tsjerke as protestantske tsjerke yn gebrûk nommen en gie fan it rike katolike ynterieur alles ferlern. Op it eardere plak fan it haadalter waard yn 1681 it troch Rombout Verhulst ûntwurpen grêfmonumint foar admiraal Michiel de Ruyter delset.
De tsjerke oerlibbe de stedsbrannen fan 1421 en 1452 sûnder al te grutte skansearrings, mar yn 1645 gie it goed mis. By it wurk fan leadjitters baarnde de tsjerke op it koer en de straalkapellen nei folslein út. Nei dy brân waard de tsjerke restaurearre en ek de plannen foar de bou fan in toer waarden wer oppakt, mooglik ûnder lieding fan 'e arsjitekt Jacob van Campen.
Nei 1645
Mei't leadjitters net goed oppasten ûnstie der by it wurk ûnder it dak fan 'e tsjerke om it middeisskoft fan 11 jannewaris 1645 hinne brân. Dy deis wie it kâld en helder waar (in pear graden ûnder nul), en troch in sterke noardeastlike wyn koe it fjoer gaueftich om him hinne gripe. Yn minder as in heal oere tiid stie de hiele tsjerke yn 'e lôge. Om trije oere foel it dak mei alles dat der op stie mei in soad leven nei ûnderen. De hjittens wie sa grut dat de pylders en grêfsarken tebarsten. Nei de brân waard de tsjerke restaurearre en lang om let waard de tsjerke noch moaier as foar de brân. De houten ferwulften waarden bygelyks ferfongen troch stiennen ferwulften, mei útsûndering fan it middelste krúsferwulft, dat mei fergulde blêdwurk dekorearre waard. Op 10 maaie 1648 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen.
It ynterieur fan 'e tsjerke datearret foar it grutste part fan nei de brân. Alhoewol't it goatyske tiidrek al foarby wie, waard de weropbou fan de tsjerke yn goatyske styl útfierd. Der waard in nije preekstoel troch Albert Vinckenbrinck (1649-1664) boud en de tsjerke krige in nij oargel; de oargelkas waard makke troch Jacob van Campen (1655).
Toer
Nei't earder de reformaasje in ein makke oan de bou fan in toer waard yn 1646 op 'e nij besocht in toer te bouwen. It nije ûntwerp wie goatysk fan styl en moast heger wurde as de domtoer fan Utert. Fan de toer binne twa modellen yn it Amsterdamske Museum te sjen. Se wurde bytiden taskreaun oan Jacob van Campen, mar wis is dat net. Dêrnjonken binne tekeningen fan ûntwerpen fan Jan Adriaanszoon Leeghwater en (nei alle gedachten) Willem de Keyser bewarre bleaun. Yn 1647 waard de lêste fan 'e 6363 peallen foar de toer de grûn ynslein. Mar de kosten foar de bou fan it nije stedhûs njonken de tsjerke foelen sa heech út, dat it stedsbestjoer de bou fan 'e toer stopsette.
Yn 1783 waard de ûnfoltôge romp ôfburtsen en wat oerbleau is de ûnderbou foar de westlike gevel fan 'e tsjerke.
Oargels
De tsjerke hat twa wichtige piipoargels: it haadoargel en in transeptoargel.
It haadoargel waard troch Schonat yn 1652 buod en yn 1668 útwreide troch Hagerbeer. It ynstrumint hat 48 registers op trije manualen en pedaal. Opfallend binne it grutte tal mearfâldige registers; yn 'e manualen binne de registers wol fiif kear beset, itjinge it oargel syn karakteristike klank jout.
It transeptoargel oerlibbe de tsjerkebrân fan 1645 en datearret út de 16e iuw. It oargel waard troch Germer Galtuss van Hagerbeer restaurearre, mar yn 'e rin fan 'e tiid ferboud en op 't lêst hielendal ferfongen. Yn 'e jierren 1986-1989 waard it oargel troch Flentrop mei nij piipwurk rekonstruearre. It hat 19 registers op twa manualen en in oanhongen pedaal.
Glês-yn-leadruten
De tsjerke hat in tal glês-en-leadruten, dy't histoaryske barrens betinke: it Kroaningsrút ( Mengelberg, 1898) yn it súdlike dwersskip, de betinkruten yn it ramt fan it fjirtich-jierrich regear fan keninginne Wilhelmina (Van Konijnenburg / Nicolas, 1938) by it noardlike dwersskip, it Befrijingsrút (1995) fan Toon Verhoef yn it súdlike sydskip en Een tuin van glas (2005) fan Marc Mulders yn it noardlike sydskip, dat set waard yn it ramt fan it sulveren regear fan keninginne Beatrix.
Ynhuldigings
Sûnt Willem I op 30 maart 1814 yn 'e tsjerke de eed op 'e grûnwet ôflei, wurdt de tsjerke foar ynhuldigings en it ynseinigjen fan in keninklik houlik brûkt. Syn soan Willem II folge him op 7 novimber 1840 op en op 12 maaie 1849 waard Willem III ynhuldige. De offisjele ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina wie op 6 septimber 1898. It Nederlânske folk bea doe ta neitins in betinkingsraam oan. Op dy dei waard der ek filme en dat is de âldste makke film yn Nederlân. Wilhelmina waard op 6 septimber 1948 opfolge troch keninginne Juliana en op 30 april 1980 folge Beatrix har mem op. De leste ynhuldiging wie dy fan Willem-Alexander yn 2013.
Oant yn 1949 waarden yn 'e Nije Tsjerke ek houliken foar gewoane minsken sletten.
Restauraasjes
Der hawwe ferskillende restauraasjes fan it tsjerkegebou west, wêrby't ek feroarings oan it gebou útfierd binne. By de restauraasje tusken 1892 en 1907-1912 binne troch arsjitekt Christiaan Posthumus Meyes sr. neogoatyske eleminten tafoege om de tsjerke werom te bringen yn 'e steat fan foar de grutte brân yn 1645. Under lieding fan Wegener Sleeswijk waard de tsjerke tusken 1959 en 1980 by in restauraasje oanpast oan 'e easken fan dy tiid, lykas it ferbetterjen fan it ljocht en it lizzen fan nije fûneminten. Dêrnjonken waarden ûnder de flier ferwaarming ynstallearre en oanbouwsels ferlege foar mear ljochtynfal.
Al hiel lang wurde de fûneminten yn 'e gaten holden wat fersakking oanbelanget. De lêste tiid die bliken dat de fundearing fan 'e grêfkelder en de tsien omlizzende pylders yn 'e koeromgong jimmeroan hurder sakken as oare pylders. Yn 2006 waard besletten om alle tsien pylders en de grêfkelder in nije fundearing te jaan.
Gebrûk
Hjoed-de-dei wurde der gjin tsjerketsjinsten mear holden. Troch de ûntfolking fan 'e binnenstêd en de ûnttsjerkliking slagge it de Herfoarme Gemeente net mear yn om it gebou te ûnderhâlden en waard besletten de tsjerke de funksje fan kultuersintrum te jaan. Yn 1980 fûn de oerdracht fan it gebou plak oan 'e yn 1979 stifte Nationale Stichting De Nieuwe Kerk. Dy stifting organisearret aktiviteiten en ôfwikseljende útstallings, fakentiden op folkekundich of kultuerhistoarysk mêd. Dêrnjonken wurde der oargelkonserten organisearre.
Yn 2010 waard it seishûndertjierrich bestean fan 'e tsjerke fierd. Yn it ramt fan it Amsterdamske Festival van de Hervorming waard wer in tsjerketsjinst holden. Dat festival wie in inisjatyf fan 'e PKN Amsterdam, de lutherske gemeente Amsterdam en de Amsterdamske remonstranten en minnisten.
Op 4 maaie wurdt alle jierren de Nasjonale Deadebetinking yn 'e Nije Tsjerke holden. Dêrnei wurde by it Nasjonaal Monumint op 'e Dam krânsen lein.
Grêven
Neffens rûzing binne yn 'e Nije Tsjerke likernôch 10.000 minsken begroeven. By de restauraasje tusken 1959 en 1980 binne sawat alle grêven romme. Healwei de 17e iuw wiene ek al de twa tsjerkhôven romme om plak te meitsjen foar de útwreiding fan 'e Dam en de bou fan it stedhûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Nieuwe Kerk (Amsterdam)
|