Nijbrêge | ||
Ljouwerter Strjitwei | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 215 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 0,51 km², wêrfan - lân: 0,41 km² - wetter 0,10 km² | |
Befolkingsticht. | 427 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 53' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Hakserdiken en Nijbrêge Side Haskerdiken-Nijbrêge (wurdt net byholden) | ||
Kaart | ||
Nijbrêge is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Nijbrêge foarmet mei Haskerdiken in twillingdoarp. By it doarp is in grutte jachthaven.
It doarp hat 215 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Nijbrêge ûntstie yn de 19e iuw doe't besuden Haskerdiken in nije brêge mei slûs oanlein waard. Skippers moasten dêr somtiden wachtsje en mei de drokte dy't dêrmei mank gie ûntstie der in doarp. Yn 1952 is de brêge ferfongen troch in daam.
Om 1900 hinne wenne yn Nijbrêge de bekende kaartlister Hinke Kaart.
Oant 1934 hearde Nijbrêge by de gemeente Haskerlân, mar doe't dat jiers de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard, krige dy gemeente der in lyts stikje fan Haskerlân mei Nijbrêge by. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde it doarp by de gemeente It Hearrenfean (wylst Haskerdiken ta de gemeente Haskerlân rekkene waard). Fan 1984 oant 2014 hearden beide doarpen by Skarsterlân; dêrnei kamen se beide by It Hearrenfean.
Sûnt 2012 makket it Dodopaad diel út fan it Jabikspaad, in diel fan de pylgersrûte fan Sint-Jabik nei Santiago de Compostella.
Mienskip
Sûnt 1983 spilet 'It Deelshûs', it mienskiplike doarpshûs fan Haskerdiken en Nijbrêge, in sintrale rol yn it ferieningslibben fan it doarp. Yn 'e jierren 2010-2011 waard it doarpshûs ferboud en modernisearre. Haskerdiken en Nijbrêge hawwe sûnt 1900 in mienskiplik Pleatslik Belang. "De Brêge" is de doarpskrante fan it twillingdoarp. Frijwilligers hawwe yn 1992 de organisaasje Doarpshelp oprjochte, dy't him ynearsten op de âlderein rjochte mar hjoeddedei syn tsjinsten oan it hiele doarp oanbiedt. Doel fan de organisaasje is it behâld fan de leefberens yn it doarp foar elkenien.
Tsjerke
Nijbrêge hat nea in eigen tsjerke hân en is oansletten by de PKN-gemeente It Hearrenfean. Alle moannen wurdt der in tsjinst fierd yn de kapel fan Haskerdiken.
Skoalle
De bern fan Nijbrêge gyngen oant 2016 nei de iepenbiere basisskoalle 'It Fiifde Sté' yn Haskerdiken. De basisskoalle waard fanwegen it lytse tal bern sletten.
Ferienings
- Sportferiening SIM
- Stifting Folksfermaak Haskerdiken-Nijebrêge
- Toanielferiening Wêz Warber
- Fûgelwacht Haskerdiken-Nijbrêge
- Fierder binne der ek in pear gesellichheidsklubs.
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Haskerdiken-Nijbrêge. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)
Befolkingsferrin
Jier | 2013 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|
Ynwenners | 150 | 156 | 172 |
(Boarnen: 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Strjitten
- Ljouwerter Strjitwei - fan Ljouwert nei it suden, wêrfan kening Willem I opdracht joech ta de oanlis yn 1827 en ek mei betelle.
- Liere - fan de liere as takel.
Ferskaat
- Yn it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
It Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
wizigje |