It Biografysk Wurdboek fan Nederlân (yn 't koart BWN) is in Nederlânsk wurdboek mei biografyen fan bekende (en net sa bekende, mar wol it fernijen wurdige) Nederlanners.

It BWN is de opfolger fan it Nij Nederlânsk Biografysk Wurdboek (ôfkoarte NNBW) dat tusken 1911 en 1937 yn tsien dielen ferskynde. Dêr waarden persoanen yn opnaam dy't foar 1910 stoarn binne. De einredakteuren fan dit wurk wienen P.C. Molhuysen, P.J. Blok en F.K.H. Kossmann.

Yn 1971 naam de Leidske heechlearaar Ivo Schöffer it inisjatyf ta in ferfolch. It earste diel fan it BWN ferskynde yn 1979. It seisde (en lêste) diel kaam yn 2009 op papier.

De biografyen yn it BWN binne troch in protte ferskillende auteurs skreaun. Sûnt 2002 kinne alle libbensbeskriuwingen online rieplachte wurde by it Ynstitút foar Nederlânske Skiednis (INGHIST) yn Den Haach.

Keppelingen om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.