Nieuw-Holland op ien fan de Globes fan Coronelli
Kusten fan Nij-Hollân troch William Dampier (1699)

Nij-Hollân is de histoaryske namme foar it kontinint Austraalje dat troch Nederlanders foar in part yn kaart brocht is.

De namme waard 1644 foar it earst brûkt troch Abel Tasman en is dêrnei noch sa'n 180 jier de oantsjutting fan Austraalje bleaun. Op ferskate lânkaarten út de 19e iuw waard dy namme noch brûkt om it net-ûntgûne westen fan Australië mei oan te tsjutten, wylst yn it easten fan Austraalje de steaten Nij-Súd-Wales, Tasmaanje, Queensland en Victoria ûntstiene. Letter kaam Súd-Austraalje der noch by.

Earst doe't de Frânsen drigen om Nouvelle Hollande yn westlik Austraalje te kolonisearjen, lieten ek de Ingelsken it each op dy kontreien falle en waard it fan harren kolonisearre.

Yn Nederlân waard de namme Nieuw Holland foar it kontinint oant de ein fan de 19e iuw ta brûkt.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.