| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Niamey | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners (2020) | 23.196.000 (rûsd) | ||||
Munt | CFA-frank (XOF) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 3 augustus | ||||
Lânkoade | NER | ||||
Ynternet | .ne | ||||
Tillefoan | 227 |
Geografy
Lizzing
It lân wurdt begrinzge troch:
Lânskip
Twa-tredde part fan Niger is ûnderdiel fan de Sahara. Yn it suden en súdeasten leit de Sahel. De rivier de Niger streamt 650 km troch it súdwesten fan it lân, it is de tredgrutste rivier fan Afrika.
Skiednis
- 1895 - Niger wurdt in kolony fan Frankryk.
- 1960 - Unôfhinklik fan Frankryk.
- 1974 - De foarste presidint fan Niger, Hamani Diori, moat nei in militêre steatsgreep fuort omdat er fertocht is fan korrupsje.
- 1974-1989 - Niger wurdt bestjoerd troch in militêr rezjym.
- 1989-1996 - Niger is in demokratysk lân mei in grûnwet.
- 1996 - Militêren dogge in nije steatsgreep.
Demografy
Befolking
De befolking fan Niger is ûnderferparte yn ferskate etnyske kloften, te witten: de Hausa (55,4%), Songhay (21%), Touarek (9,3%), de Fulany of Fulbe (8,5%), de Kanury (4,7%) en oare kloften. It grutste part fan de befolking wennet yn de fallei fan de rivier de Niger.
Religy
De islam is de dominante godstsjinst, 80% fan de befolking wurdt ta dit leauwen rekken. It lân is sûnt de oprjochting yn 1969 lid fan de Organisaasje fan de Islamityske Konferensje (OIC). It kristlike part fan de befolking wenje fral yn de omkriten fan Doutchy.
Talen
It Frânsk is de offisjele taal fan Niger. De wichtige eigen talen dy't sprutsen wurde binne it Hausa, Djerma, Tamajak en Fulfulde.