De Nieuwe atlas van de provincie Friesland is in atlas fan Fryslân troch Wopke Eekhoff fan 1849 - 1859. De atlas, dy't makke is op lêst fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, omfiemet kaarten fan alle stêden en gritenijen. Om't de measte kaarten persys ien gritenij op ien blêd hawwe, is der net ien fêste skaal foar de hiele atlas.
Boarne foar de atlas wienen de kadasterkaarten, oanfolle mei nije waarnimmings. De atlas is 1970 werprinte troch útjouwerij Kruseman.
Keppeling om utens
- By Tresoar is in digitale ferzje fan dizze atlas te finen.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.