Nieuwe Pekela | ||
Ophelbrêge Ommelanderklap | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Pekela | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.560[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 9663 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 5' NB, 6° 58' EL | |
Kaart | ||
Nieuwe Pekela (Nederlânsk en offisjeel, Grinslânsk: Nij Pekel, Frysk: Nije Pekel[2]) is in doarp yn de gemeente Pekela yn de Nederlânske provinsje Grinslân en leit likernôch 7 km eastlik fan Feandam. It doarp heart by de Grinzer Feankoloanjes en ûntstie nei Oude Pekela oan de rivier de Pekel A en foarmet sûnt 1990 mei dat doarp de gemeente Pekela.
Skiednis
De skiednis fan it doarp begjint yn 1599 doe't in nustje Friezen en Hollanners, feriene yn de saneamde Friesche Compagnie (Fryske kompanjy), feangrûn bylâns de lytse rivier Pekel A fan eigners út it tichteby lizzende plak Wynskoat kochten. It doel fan de kompanjy wie it winnen fan turf, troch it ôfgraven fan it fean dat in grut part fan eastlik Grinslân besloech.[3]
Yn de achttjinde iuw waard in lutherske tsjerke yn it doarp boud. Ein fan dy iuw komt de seefeart rjochting Dútslân en it Eastseegebiet op gong. Yn de njoggentjinde iuw bloeide dy seefeart en fearen Pekelder skippers oer de wrâldseeën.
Yn 1810, yn de Frânske tiid, waard Pekel yn Alde en Nije Pekel spjalte. Yn 1990 waarden beide gemeenten fannijs feriene yn de gemeente Pekela.
Sigarefabryk
Yn Nije Pekel wie in sigarefabryk fan Champ Clark & Lugano Sig.fabr. v/h R.H. Koning & Zn. fêstige. Ut it eardere personielsbestân is it kristlike manljuskoar Albatros ûntstien. De namme komt fan de fabryk Albatros. Doe't it bedriuw fan R.H. Koning in N.F. waard, waarden de merken Champ Clark en Lugano brûkt foar de nammen fan de N.F. De sigarefabryk bestiet ûnderwilens net mear, dochs hat de eardere direkteurswente, itjinge hjoed-de-dei in âldereinhûs is, de namme Champ Clark.
It besjen wurdich
- Nôtmûne De Zwaluw
- Evangelysk-lutherske tsjerke
- Kapteinshûs, fan 1799 is ien fan de trije kapteinshuzen yn it doarp dat as museum tsjinnet.
Galery
- It eardere gemeentehûs fan Nije Pekel
- De neogoatyske grifformearde tsjerke út 1866. De toer en útwreiding lofts binne fan 1940.
- De Evangelysk-Lutherse tsjerke út 1753
- De minniste tsjerke út 1852
- Kapteinshûs
- Súdkant fan de Ommelanderklap
- De brêge Hekbadde oer de Poortmanswijk
- Notariswente Villa Dinkstedt
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Pekela | ||
---|---|---|
Doarpen: Alteveer • Boven Pekela • Nieuwe Pekela • Oude Pekela | ||
Buorskippen: Bronsveen • Hoetmansmeer | ||
Wetter: Pekel A • Pekelderdiep | ||
wizigje |