Niederzissen
Niederzissen yn de lânkring Ahrweiler
Niederzissen yn de lânkring Ahrweiler
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Lânkring Ahrweiler
Stedsyndieling2 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal2.751 (2021)
Oerflak11,95 km²
Befolkingsticht.230 ynw. / km²
Hichte203 m boppe seenivo
Oar
Postkoade56651
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 27' N 13° 17' E
Offisjele webside
www.niederzissen.de

Niederzissen is in Ortsgemeinde yn de lânkring Ahrweiler yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. it is it haadplak fan de Verbandsgemeinde Brohltal.

Niederzissen leit yn in syddelling fan de Ryn oan de foet fan de Bausenberg,de bêste bewarre hoefizerkrater fan it lân. Tusken fulkaanbergen rint it histoaryske paad oer it plak rjochting Eifel.

De Ortsgemeinde Niederzissen bestiet út de twa Ortsteilen Niederzissen en Rodder en de delsettings "Haus Waldfrieden" en "Kurheim Bausenberg".

Skiednis

Krater Bausenberg

Niederzissen is ien fan de âldste delsettings fan de omkriten. Yn Niederzissen binne ek Keltyske en Romeinske wapens fûn. Der is in fragmint fan in bile út de jonge stientiid fûn fan in stiensoarte dy't út it gebiet komt. De namme 'Zissen' komt fan it Keltysk en bestjut "efterôf lizzend", dat ek tsjut op in iere bewenning fan de lokaasje.

Lykas de rest fan it gebiet op de lofter kant fan de Ryn waard Niederzissen yn 1794 troch de Frânsen beset. It Weenske Kongres wiisde nei de fal fan Napoleon it gebiet ta oan Prusen.

It doarp Rodder waard yn 1979 by Niederzissen yndield.

It besjen wurdich

  • De letromaanske Germanustsjerke út 1250
  • It eardere Zehnthaus út 1550
  • It stasjonsgebou fan 1890
  • De eardere synagoge fan 1855 (Mittelstraße 30); yn de oanboude eksposysjeromte binne in pear fynsten te sjen fan de eardere joadske mienskip fan Niederzissen.
  • Under lieding kin in besite brocht wurde oan de sûnt 1943 yn de rots úthoude bunker yn de Klosterstraße, dy't yn de Twadde Wrâldkriich oan sa'n 300 ynwenners in skûlplak bea. De gong fan de bunker is 53 meter lang en hat foar ferskillende famyljes oan de gong grinzgjende nissen.
  • Sint-Annakapel út 1617
  • Yn Rodder it eardere skoalgebou út 1906

Omjouwing

  • Yn de omkriten stiet de ruïne Olbrück.
  • De Rodder Maar noardlik fan Niederdürenbach is in marke, dat mooglik ûnstien is troch de ynslach fan in meteoryt.

Ferkear

It stasjon fan Niederzissen leit oan it Brohltalspoar, in smelspoar fan Brohl-Lützing nei Engeln. Likernôch fiif kilometer fan Niederzissen is de oansluting op de Autobahn 61. Troch de delling fan de Brohl hinne rint de Bundesstraße 412 fan de Autobahn 61 nei de Ryn.

Ofbylden

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.