Neushoorn
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adresRuterskertier 41
koördinaten53°11′62″ N 5°47′25″ E
bysûnderheden
type bouwurkpoppoadium / sealesintrum
boujier2015
boustylmodern
offisjele webside
www.neushoorn.nl
kaart
Neushoorn (Ljouwert-Binnenstêd)
Neushoorn

Neushoorn is in poppoadium en sealesintrum oan it Ruterskertier yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Behalven foar eveneminten wurdt it gebou ek brûkt foar de kreätive oplieding D'Drive fan it Fryslân Kolleezje (dy't 300 oant 400 learlingen omfiemet).[1]

Skiednis

Plannen en bou

Omtrint 2010 besleat de gemeenteried fan Ljouwert dat der yn 'e stêd in nij poppoadium en sealesintrum komme moast, in idee dêr't in protte wjerstân tsjin kaam fan û.m. Sealen Schaaf, dat benaud wie om út 'e merk konkurrearre te wurden. De gemeente sette lykwols troch, en ein 2014 waard mei de bou úteinset oan it Ruterskertier, skean foar stedsskouboarch De Harmony oer.

Yn febrewaris 2015 waard bekendmakke dat it nije poppoadium de namme 'Neushoorn' krije soe. Foar dy tipelsinnige namme wie bewust keazen om't men in namme hawwe woe dy't alhiel neat mei de skiednis fan Ljouwert of mei besteande kulturele aktiviteiten te krijen hie. Boppedat hie, neffens it bestjoer fan it nije poppoadium, it gebou de foarm fan 'e kop fan in noashoarn, as men der fan boppe-ôf op delseach.[2][3]

It nije gebou waard yn septimber 2015 oplevere, en yn oktober fan dat jier waarden der de earste optredens holden.[1] It wie oarspronklik de bedoeling dat Neushoorn yn desimber 2015 iepene wurde soe,[2][3] mar úteinlik wie de offisjele iepening, dy't ferrjochte waard troch minister fan Kultuer Jet Bussemaker, pas op 1 febrewaris 2016.[1]

Eksploitaasje

Tagelyk mei de iepening fan Neushoorn waard yn it gebou ek úteinset mei in eigen kafee, dat mei in protte rombom fan steapel gie. It soe it stedskafee wurde foar de freedtemiddeisboarrel, en boppedat in ytkafee. Lykwols late it al sûnt it begjin in nuodlik bestean. Nettsjinsteande in loovjende resinsje yn 'e restaurantrubryk Hete Soep, yn 'e Freedsbylage fan 'e Ljouwerter Krante, hold men al rillegau op mei de funksje as ytkafee. Letter waarden de iepeningstiden fan it kafee beheind, en de namme waard feroare fan Neushoorn Café yn De Backstage. Begjin juny 2018 waard bekend dat Neushoorn hielendeal ophold mei it kafee. De romte waard doe as trêde seal by de teäterprogrammearring lutsen. Tagelyk waard ek besletten dat der yn it ferfolch yngeander gearwurke wurde soe mei Stedsskouboarch De Harmony, skean foar Neushoorn oer.[4]

Yn it Jierplan 2018, dat mids july fan dat jier nei bûten kaam, skreau Neushoorn dat it gebou doe eins al te lyts wie. De 'ynwenjende' oplieding D'Drive naam oerdeis en op moandeitejûn suver it hiele gebou yn beslach. Om't Neushoorn dêrtroch te min oare ynkomsten generearje koe (troch ferhier fan sealen), begûn it popsintrum te grutte finansjele risiko's te rinnen. Mei oare wurden: Neushoorn woe dat yn 'e takomst it tal romtes dat foar D'Drive yn gebrûk wie, beheind waard, sadat de frijkommen romtes oan oare partijen ferhierd wurde koene. Fierders soe der yn gearwurking mei D'Drive sjoen wurde nei de mooglikheden om in muzykskoalle yn it gebou ûnder te bringen foar lessen yn 'e jûnsoeren.[5]

Yn 2018 hie Neushoorn in budget fan €1,7 miljoen, wêrfan't de Gemeente Ljouwert €560.000 bydroech, de hierfergoeding ynbegrepen. Fan dy bydrage gie sadwaande 'mar' €290.000 nei de programmearring en de 'creative hotspotfunksje'. It poppoadium kaam dêrmei lykwols net út en frege dêrom boppe-op dat bedrach noch €400.000 ekstra foar de jierren 2019 en 2020.[6] Mids novimber 2018 waard bekend dat de Ljouwerter gemeenteried Neushoorn noch mar ien jier finansjeel út 'e brân helpe woe. It Kolleezje fan B. en W. hie in útstel dien foar om 'e ekstra subsydzje fan €400.000 foar de folgjende beide jierren goed te karren, mar in moasje fan 'e KristenUny, D66 en Gemeentebelangen Ljouwert om dêr €200.000 foar allinnich 2019 fan te meitsjen, krige stipe fan 'e hiele ried, útsein de fraksje fan PAL/GrienLinks. It poppoadium moat foar it jier 2020 mei in "reälistyske begrutting" komme, neffens de ried.[7] Direktrise Yvonne Bleize fan Neushoorn fûn it troch de helte dwaan fan 'e subsydzje "in hiel ûnoangename ferrassing." Der soe no, sa reägearre se, snien wurde moatte yn 'e aktiviteiten, en minder aktiviteiten betsjutte neffens har ek minder personiel.[6]

Yn maart 2019 frege Neushoorn ek foar 2020 wer €200.000 ekstra oan boppe-op de normale gemeentlike subsydzje. Wethâlder Sjoerd Feitsma makke dúdlik dat de gemeenterie dêroer stimme moast. Guon partijen yn 'e rie, wêrûnder it CDA en de VVD, lieten daliks al witte der neat foar te fielen om Neushoorn op 'e nij ekstra jild ta te skowen. CDA-fraksjefoarsitter Sytse Brouwer sei: "Wy binne as gemeente net de pinautomaat fan Neushoorn. Sy moatte sels har broek ophâlde of by oare ynstânsjes oanklopje."[8] Nettsjinsteande dat waard op 3 april yn in gearkomste fan 'e Ljouwerter gemeenteried dochs wer in ekstra subsydzje fan twa ton foar Neushoorn goedkard, troch in lytse mearderheid besteande út PvdA, D66 en PAL/GrienLinks.[9]

Mids novimber 2019 presintearre Bureau KplusV, dat yn opdracht fan 'e gemeenterie fan Ljouwert ûndersyk dien hie nei de kânsen fan Neushoorn, syn rapport. Dêryn stie dat Neushoorn nea bestean kinne soe sûnder oanhâldende en grutskalige subsidiëarring troch de gemeente. In eventuële fúzje mei Stedsskouboarch De Harmony hie gjin sin, want dat soe de eksploitaasjetekoarten neffens it ûndersyksburo likemin oplosse kinne. De konklúzje wie dat de Gemeente Ljouwert nei 2020 struktureel mear jild frijmeitsje moast om Neushoorn draaiende te hâlden, of dat it poppoadium yn syn hjoeddeistige foarm ophâlde moast.[10]

Boustyl

Neushoorn kombinearret eleminten fan histoaryske gebouwen mei moderne arsjitektuer en rouwe bakstiennene muorren fol graffity. Op ferskate plakken binne skeansteande wanden pleatst, dy't neffens de arsjitekt "grutte romtlikheid" jaan soene. It gebou omfiemet yntime romten en gruttere sealen. Yn 2016 wie Neushoorn nominearre foar de Nederlânske arsjitektuerpriis 'Gebou fan it Jier'.[11]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 ——, Neushoorn in Leeuwarden nu echt los, op: Omrop Fryslân, 8 febrewaris 2016.
  2. 1 2 ——, "Neushoorn" nieuwe naam van poppodium Leeuwarden, op: Omrop Fryslân, 24 febrewaris 2015.
  3. 1 2 ——, Poppodium Leeuwarden gaat Neushoorn heten, yn: de Ljouwerter Krante, 24 febrewaris 2014.
  4. Haagsma, Jacob, Café Neushoorn gaat dicht, meer samenwerking met Harmonie, yn: de Ljouwerter Krante, 6 juny 2018, s. 2.
  5. ——, Neushoorn verzet bakens, om het geld, yn: de Ljouwerter Krante, 19 july 2018, s. 11.
  6. 1 2 Haar, Patrick van 't, Neushoorn vreest verlies banen door zuinige gemeente, yn: de Ljouwerter Krante, 14 novimber 2018, s. 29.
  7. Haar, Patrick van 't, Neushoorn krijgt minder steun van gemeenteraad, yn: de Ljouwerter Krante, 13 novimber 2018, s. 21.
  8. Broers, Erwin, Urgent besluit nodig rond geld Neushoorn, yn: de Ljouwerter Krante, 9 maart 2019, s. 18.
  9. ——, Toch weer 2 ton extra voor Neushoorn, yn: de Ljouwerter Krante, 4 april 2019, s. 31.
  10. Haar, Patrick van 't, Neushoorn kan niet zonder extra geld, yn: de Ljouwerter Krante, 13 novimber 2019, s. 29.
  11. Beskriuwing fan Neushoorn op 'e webside fan 'Gebouw van het Jaar' (pdf).
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.