Netferwulft fan de St Mary Redcliffe yn Bristol

In netferwulft is in ferwulft dat basearre it op in krúsribferwulft. It netferwulft hat in dêrnjonken ek in soad lytsere ribben (dy't ek wol 'liernes' neamd wurde). Dy't lytsere ribben hawwe gjin dragende funksje en tsjinje allinne as dekoraasje.

It netferwulft ûntstie mei de fierdere ûntwikkeling fan de goatyske boukunde en waard fral by de tsjerkebou of oare represintative gebouwen tapast. Troch de tapassing fan in netferwulft yn in tsjerkeskip binne de ferskillende traveeën oan it ferwulft minder dúdlik ôf te lêzen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Denis R. Mc.Namara, Kerken architectuurgids, ISBN 978-90-8998-117-2

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.