Nes
Loftfoto fan Nes
Loftfoto fan Nes
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
Sifers
Ynwennertal1.235 (2021)[1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 27' NB, 5° 46' EL
Kaart
Nes (Fryslân)
Nes

Nes is in doarp op It Amelân, middenop it eilân. It doarp hat likernôch 1.235 ynwenners (2021).

Eartiids wie Nes it haadplak fan It Amelân. Tsjintwurdich stiet it gemeentehûs yn Ballum. Yn Nes leit de fearboat nei Holwert. Dizze feartsjinst wurdt ûnderholden troch rederij Wagenborg. Yn it doarp steane prachtige kommandeurshuzen út de "Gouden Iuw". De huzen steane om de frijsteande toer, in eardere fjoertoer.

Nôtmole De Feniks is fan 1880.

Fierders is der in Natuersintrum oer de natuer fan It Amelân. Hjirwei wurde ek ekskurzjes organisearre.

Haven

By Nes, oan de súdkant fan It Amelân, lizze de fearsteger en de jachthaven fan it eilân, ien fan de 17 havens oan de Waadsee. It rêdingstasjon fan de KNRM hat apart dêrfan fasiliteiten yn de Ballumerbocht, sa'n 4 km beëasten de feardaam. De jachthaven wurdt beheard troch Stifting Jachthaven it Leyegat en is iepen fan 1 april oant 1 novimber. By leechwetter is de haven allinnich foar lytse skippen oan te farren fanwegen de ûndjippe tagong fan 0,60-0,80 m by de havenyngong. De oanfarrûte troch de Reegeul is rjocht en dúdlik bebeakene. De havenyngong is oan de eastkant fan de fearboatsteger, fan de Reegeul ôf moat rekken holden wurde mei ôf- en oanfeart fan fearboaten en rûnfeartboaten. Drûchfalle kin op ferskate plakken, bygelyks eastlik fan de jachthaven. De haven hat driuwende steigers mei stroomfoarsjenning, in havenkantoar mei meteo- en tij-ynformaasje en sanitêre foarsjenningen.

It besjen wurdich

Befolkingsûntwikkeling

Ofbylden

Berne yn Nes

Strjitten

Alle strjitten yn Nes (It Amelân).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Amelân
Doarpen:
BallumBuerenHollumNes
Buorskippen:
BallumerbochtKoaipleats
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.