Nes | ||
Keatsbuorren | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 375 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,52 km², wêrfan lân: 7,48 km² wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 49,5 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 6° 5' E | |
Offisjele webside | ||
nes-nof.nl | ||
Kaart | ||
Nes is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Nes leit noardlik fan Easternijtsjerk, eastlik fan Wierum, westlik fan Moddergat en besuden de Waadsee. Nes hat 375 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen om de tsjerke op de terp fan Nes.
De buorskip Wie heart by Nes. Earder hearde de buorskip Nesser Grou ek by Nes mar dy buorskip bestiet net mear.
Skiednis
In nes is in útstekkende lânpunt, en is besibbe oan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn 1369 as Nesse. Yn 1453 wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn 1466 wurdt it skreaun as Nees. Yn 1511 en oare 16e-iuwske kaarten komt de namme Nes(s) foar. De buorskip Nesser Grou is dan in ûnderdiel fan it doarp.
It gebiet is yn de 12e iuw bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de 13e iuw. Nei de reformaasje foarme Nes mei it oanbuorjende Wierum ien herfoarme gemeente.
Yn 1639 wurdt der foar it earst sprutsen fan in nôtmûne yn Nes. Yn 1734 waaide dy standertmûne om en waard er ferfongen troch in achtkante mûne mei omrin, dy't yn 1891 ôfbaarnde. De nije mûne fan 1897 hat tsjinne oant 1945, de stiennen ûnderbou is sloopt ein jierren 1970. [3]
Súdwestlik fan it doarp leit de beskerme terp Wie. Neffens de Schotanuskaart leinen dêr trije stimhawwende pleatsen. Wopke Eekhoff neamt ien dêrfan Wat State.[4]
Sûnt 2019 leit Nes yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Mienskip
Doarpsferiening Nes hat har gearkomsten yn doarpshûs De Nespel en de doarpskrante hjit NesNijs. Der is in aktiviteitekommisje, in Grienkommisje, in Keatskommisje en in jeugdhonk 'Us Paleis'. Foar mear ynformaasje sjoch op de ynternetside http://www.nesdongeradeel.nl/
Tsjerke
- Protestantske gemeente Nes-Wierum (webstee)
Skoalle
'De Tarissing' wie de protestantsk-kristlike basisskoalle fan Nes, dy't yn 2006 sletten waard. Bern fan Nes geane tsintwurdich nei it oanbuorjende Easternijtsjerk nei skoalle.
Ferienings
- Biljertferiening 'De Koarte Keu'
- Darts Nes
- Gymnastykklup 'Warber Bliuwe'
- Klaverjasklub
- Motorklup de Waadriders
- Muzykferiening Soli Deo Gloria (SDG)
Befolkingsferrin
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2014 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1275* | 1219* | 622 | 605 | 572 | 450 | 360 | 361 | 370 |
Jier | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | ||
Ynwenners | 375 | 375 | 375 | 385 | 365 | 390 | 370 |
- Mei de befolking fan Moddergat.
Berne
- Nynke fan Hichtum (1860-1939), De tsien fan Martens Afke, de earste frou fan Pieter Jelles Troelstra
- Krine Boelens (1914-1995), ûnderwizer
- Ids de Beer (1916-1945), fersetman
- Pieter Soepboer (1920-1998), politikus en boargemaster
- Jan de Graaf (1944), CDA-politikus
- Harke Bremer (1955-), oersetter
Keunstners
Yn de eardere iepenbiere skoalle eksposearje wikseljende keunstners harren wurk ûnder de namme Gang. Dielnimmers wienen ûnder oare:
- Gerrit Breteler, sjonger en keunstskilder
- Ineke Ekkers
- Wouter Koek van Egmond, byldhouwer en dichter út Nes
- Gerrit Offringa
- Jo Rispens (* Ulrum)
- Johanna Schuurman
- Wigle Engelsma (Koudum)
- Sieta Jellema (Ljouwert)
- Thea Hoek (Kollum)
Ferskaat
- De tulpen yn de flagge ferwize nei de tulpen dy't earder maitiids de lannen om it doarp kleurden.
- De pleatsen yn en by Nes hawwe ûlebuorden mei seehynderkes ynstee fan swannen.
Nesser ûlebuorden mei seehynderkes
Strjitten
|
|
- (*) Yn it ferline waard de Keatsbuorren ek Middelbuorren en Doarpsstrjitte neamd. Yn it boek Nes in doarp yn 'e Dongeradielen fan Krine Boelens 1949-1950, en ek yn Om Nijtsjerk en Nes hinne fan J. Hartmans 1974 waard skreaun oer de keatspartijen dy't hjir spile waarden. Eartiids wie it wizânsje dat it keatsen begûn mei in jiermerke, op snein nei de mis yn de Nessumer Sint-Jehannes de Dopertsjerke. Der waard dan keatst om skiepfleis en oar iten, wêrby't ek in oantal kreammen opsteld stiene yn de Middelbuorren.
Publikaasjes
- Jan de Jager "Nes en haar bewoners"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|