De neogotyk is in neifolging yn de njoggentjinde iuw fan de midsiuwske goatyske boustyl. De neogotyk rint lykop mei it Romantyske tinken wêrby't de leafde foar it ferline, benammen de Midsiuwen, in wichtich skaaimerk wie.
Untstean yn Ingelân
De neogotyk ûntstie yn Ingelân. Fan 1749 ôf hâlde Horace Walpole him al dwaande mei it ferbouwen en ynrjochtsjen fan syn hûs Strawberry Hill yn Twickenham by Londen yn neogoatyske styl. Romantyske ynterieurkeunstners lieten harren yn 18e iuw al ynspirearje troch de natoer en rustike foarmen fan meubels en troch gebrûksfoarwurpen fan it plattelân, dêr't yn Ingelân oant dan hjir en dêr noch gotyske foarmen wiene.
Foaral it wurk fan ynterieurarsjitekt Thomas Chippendale rûn foarút op de neogotyk. Dan, yn it begjin fan de 19e iuw wurde yn Ingelân tsjerken, bankgebouwen, stedhûzen en oare iepenbiere gebouwen mei spitsbôgefinsters, kanteelde tuorren en waaierferwulften set. Men gie hieltyd mear oer op in foarmetaal út it ferline, dy't ynspirearre wie op de rykdom fan de Britske gotyk. It hichtepunt dêrfan is wol de bou fan de parlemintsgebouwen te Westminster yn Londen, boud yn de jierren tusken 1820 en 1830, de tiid fan de grutste bloei fan it Britske wrâldryk.
Neifolging yn Europa
Nei de delfal fan Napoleon krige de neogotyk ek neifolging op it Europeeske fêstelân. Yn 't earstoan yn de foarm fan grutte restauraasjes fan midsiuwske monuminten (Dom fan Keulen, Notre-Dame fan Parys), mar letter ek hieltyd mear mei nije bouwurken sa as stsjonsgebouwen en stedhûzen. Bylâns de Ryn yn Dútslân binne yn dy tiid op in soad plakken neogoatyske kastielen set.
Neogotyk yn Nederlân
De Nederlânske neogotyk ken twa stilen, dy't eleminten út de gotyk mei-inoar gemien hawwe, mar oars neat.
Iere neogotyk
Yn it earstoan wie der yn Nederlân nei folle omtinken foar de neogotyk, ten earst omdat de katolieken gjin nije tsjerken bouwe mochten, dy't boppedat net opfalle mochten. In oare wichtige reden wie fierders it ûntbrekken fan arsjitekten (mei ynfloed) sûnt de 18e iuw en wichtige feardichheden wien ferlern gien yn dit tiidrek. Dêrtroch gie it klassisisme yn Nederlân hast sûnder naad oer yn neoklassisisme.
De bouwrâld waard oerhearske troch yngenieurs, faak fan it leger en it Ministearje fan Wettersteat. Troch net al te bêste ekonomyske omstannichheden waard der dochs al net folle boud yn dy jierren, mar der wie fral ek gjin ferlet by de potinsjele opdrachjouwers. Ien fan mar in pear opdrachtjouwers wie de yn Ingelân grutbrochte kroanprins en lettere kening Willem II. Hy liet in ferbliuw stte yn Tilburch (no stedhûs) en yn Den Haach in 'goatyske seal' efter it paleis oan de Kneuterdyk.
Earst fanôf de jierren 1840 wurdt der in skruten begjin makke mei geogoatysk bouwen fan fral febriken (yn Delft), stoomgemalen (Haarlimmermar), stasjonsgebouwen (Falkenburch) en wettertuorrenen. Dizze betide neogotyk wurdt ek wol Willem II-gotyk neamd. Typysk foar dizze styl is dat de konstuksje yn wêzen noch neoklassisiskysk wie en dat it neogoatyske foaral siet yn it dekoaratyf gebrûk fan út de gotyk oernommen foarmen sa as spitsbôgen en pinakels. De konstruksje fan de gotyk waard hast net bestudearre en ek noch net begrepen, de reden wêrom dizze tsjerken gjin ferwulften krigen, heechstens imitaasjeferwulften fan strie en stúkwurk, dêr't de styl de bynamme, stukadoarsgotyk oan te tankjen hat.
Fierders wie de Willem II-gotyk net bûn oan in beskate religieuze streaming of maatskiplike streaming. Dêr't de wiere neogotyk hast allinnich in roomsk-katolike styl wurde soe, waard de Willem II-gotyk tapast by protestantske en katolike tsjerken en sels by synagoges. Arsjitekten as Theo Molkenboer, H.J. van den Brink, A.J. Vogelpoel, en A. van Veggel wurken sawol yn neoklassisistyske styl as yn Willem II-gotyk en faak wiene dat sawol protestantske as katolike tsjerken. De Rotterdamske Súdertsjerke, dy't ferwoastge waard yn 1940, wie in hichtepunt fan dizze styl. Wichtige noch besteande foarbylden binne de herfoarme tsjerke fan Zeist en de katolike tsjerke 'De Papegaai' yn Amsterdam.
Rasjonele of echte neogotyk
Pioniers
Rûn 1850 kaam de wiere neogotyk op, doe't yn de provinsje Limburch twa jonge arsjitekten harren witten fan goatyske konstruksjes yn de praktyk brochten: Carl Weber (ek wol Karel Weber) en Pierre Cuypers. Weber arbeide doe fral yn de bisdommen Roermond en 's-Hertogenbosch en wie wierskynlik de earste dy't in echte neogoatyske tsjerke sette, al wie it mar troch in besteande tsjerke út te wreidzjen. In tredde pionier wie Hendrik Jacobus van Tulder, dy't ek foaral yn it bisdom De Bosk warber wie. Theo Molkenboer boude yn 1852 yn Amsterdam in tsjerke dy't wolris as it begjin fan de neogotyk yn Nederlân beskôge wurdt, mat dat is net mei rjocht.
Alfred Tepe
Tsjinoer it fermidden fan Cuypers, somtyds ek wol Amsterdamske Skoalle neamd (mei net betize wurde mei de Ekspresjonistyske streaming fan deselde namme), stiet it Utertske St. Bernulphusgilde, dat yn 1869 oprjochte waard en dêr't Alfred Tepe de wichtichste arsjitekt wie. Dit troch geastliken dominearre gilde hâlde der strange opfettings oer tsjerklike keunst op nei, dêr't men fral werom gie op de Nederrynske gotyk, bakstien it boumateriaal by útstek wie en dêr't net folle romte foar nije ideeën yn wie.
Tepe socht dan ek gearwurking mei keunstners út Keulen en helle dy ek nei Nederlân. Wylst de rûnte om Cuypers de ynlânske gotyk út de 15de en 16e iuw yn 't earstoan as minderwurdich beskôge, fergelike mei de Frânske gotyk út de 13e iuw, en him dêr ek net troch beynfloedzje liet, beskôge it St. Bernulphusgilde de Frânske gotyk as te útlânsk om as foarbyld tsjinje te kinnen. De Nederrynske gotyk wie dan faaks wol fan minder alluere, sy kaam teminsten út eigen lân en dêrom moast de nije arsjitektoanyske tradysje dêryn woartelje, neffens har, om wier Nederlânsk te hjitten.
Tepe hie in hast folsleine monopoalyposysje yn de provinsje Utert, mar wie ek fan belang yn oare dielen fan it aartsbisdom. Cuypers soe nea in tsjerke yn de provinsje Utert sette, al hie de biskop fan Utert him frege om him dêr te fêstigjen. Yn oare kriten fan it aartsbisdom soe er him faak foechje moatte nei de ideeën fan it Gilde. Uiteinlik soe ek Cuypers de Frânske gotyk hieltyd mear gewurde litte en him ynspirearje litte troch de Nederlânske farianten fan de gotyk.
Petrus Johannes van Genk
Yn it bisdom Breda wie Petrus Johannes van Genk de oerhearskjende arsjitekt fan nije tsjerken. Syn styl stiet los fan dy fan sawol Cuypers as dy fan Tepe en leune sterk op de Belgyske neogotyk, dêr't it gebrûk fan natoerstien in wichtige rol yn spile.
Nei 1914
Oant likernôch 1914 hâlde de neogotyk har dominante posysje. Dêrnei eksperimentearren arsjitekten as Joseph Cuypers (de soan fan P.J.H.) en Jan Stuyt mei oan it romaansk ûntliende foarmen. It resultaat wie it neoromaansk, in styl dêr't Romaanske foarmen yn kombinearre waarden mei in neogoatyske wize fan bouwen. Yn in pear jier waard de neogotyk ferdrongen. Noch oant ± 1940 wurdt de neogotyk lykwols tapast, mat hieltyd mear út en troch.
Literatuer
- BERGMANS Anna, COOMANS Thomas & DE MAEYER Jan, De neogotische stijl in de Belgische sierkunsten, yn LEBLANC Claire, Art Nouveau & Design. Sierkunst van 1830 tot Expo 58, Tielt, 2005, s. 36-59.
- BERGMANS Anna, DE MAEYER Jan, DENSLAGEN Wim & VAN LEEUWEN Wies, Neostijlen in de negentiende eeuw. Zorg geboden? (Kadoc Artes 7), Leuven, 2002.
- VAN CALOEN Véronique, VAN CLEVEN Jean & BRAET Johan, Het Kasteel van Loppem, Oostkamp, 2001.
- DE MAEYER Jan & VERPOEST Luc (ed.), Gothic Revival. Religion, Architecture and Style in Western Europe, 1815-1914 (Kadoc Artes, 5), Leuven, 2000.
- DE MAEYER Jan, BERGMANS Anna, DENSLAGEN Wim, STYNEN Herman, VAN LEEUWEN Wies & VERPOEST Luc, Negentiende-eeuwse restauratiepraktijk en actuele monumentenzorg (Kadoc Artes, 3), Leuven 1999.
- BERGMANS Anna, Middeleeuwse muurschilderingen in de 19de eeuw. Studie en inventaris van middeleeuwse muurschilderingen (Kadoc Artes, 2), Leuven, 1998.
- DE KEYSER Bart, VERPOEST Luc & DE MAEYER Jan, De ingenieuze neogotiek: techniek en kunst, 1853-1925, Leuven, 1997.
- DUJARDIN Carine (ed.), Neogotiek in de boekenkast, Leuven, 1997.
- VAN LEEUWEN A.J.C., De maakbaarheid van het verleden. P.J.H. Cuypers als restauratiearchitect 1850-1918, Swol, 1995.
- VAN CLEVEN Jean (ed.), Neogotiek in België, Tielt, 1994.
- DE MAEYER Jan (ed.), De Sint-Lucasscholen en de Neogotiek, 1862-1914 (Kadoc Studies, 5), Leuven, 1988.