Neith is de namme fan in ûnderstelde moanne fan Fenus. Ferkate astronomen hawwe sein dat se de moanne sjoen hawwe. Giovanni Domenico Cassini wie de earste yn 1672.
De Keninklike Flaamske Akadeemje fan Belgje foar Wittenskippen en Keunsten publisearre yn 1887 in artikel mei de resultaten fan ûndersyk nei de waarnimmingen fan Neith. Uteinlik wie de konklúsje dat de measte waarnimmings ferklearre wurde koene troch stjerren dy't yn it byld om Fenus ferskynden, sa as Chi Orionis, M Tauri, 71 Orionis, Nu Geminorum en Theta Librae.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.