Satellytfoto fan it Nederrynske Leechflakte

De Nederrynske Leechflakte (Dútsk: Niederrheinisches Tiefland) is ien fan de natuerlike regio's fan Dútslân en leit oan wjerskanten fan de Ryn benoarden Düsseldorf oant de Nederlânske grins ta.

Geografy

De Nederrynske Leechflakte wurdt yn it noardeasten en easten begrinzge troch it Westfaalske Leechlân, yn it súdeasten oan it Berchske Lân, yn it suden oan de Nederrynske Bocht en yn it westen en noardwesten oan Nederlân.

De Nederrynske Leechflakte is in lânskip fan rivierterrassen fan de Ryn, Maas en harren sydrivieren. De oars sa flakke terrassen wurde ûnderbrutsen troch syn V-foarmige dellings, uterwaarden, eardere rivierrinnen, driuwwâlen en einmorenen fan de Nederrynske Heuvelrêch. De hichte fan it gea is hast oeral net heger as 100 meter boppe seenivo.

Geology

De Nederrynske Leechflakte is de noardlike helte fan de geologyske struktuer Nederrynske Bocht (Niederrheinische Bucht). Syn geology is it resultaat fan ôfsetting fan de lêste 30 miljoen jier, dy't der yn dy flakte foar soarge hat foar sediminten en lagen sedimintêr stiente oant wol 1.300 meter tsjok.

Klimaat

Jierlikse wetterdelslach yn it gea bedraacht tusken 700 en 750 mm, en de trochsneed jiertemperatuer is tusken 9,5 en 10,5 °C. It gea hat in Noardatlantysk seeklimaat mei sêfte winters en in lang groeiseizoen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Literatur en Einzelnachweise op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.