De Nederlânske waadeilannen op in satalytfoto.

De Nederlânske Waadeilannen binne de Waadeilannen dy't by de provinsjes Fryslân en Grinslân en de provinsje Noard-Hollân hearre.

Namme

De Nederlânske Waadeilannen wurde yn bûtenlânske talen de Westfryske Eilannen neamd, krekt sa't de Waadeilannen yn Dútslân ferdield binne oer de Eastfryske Eilannen en de Noardfryske Eilannen. Yn dit ferbân hat de oantsjutting 'Westfrysk' net spesifyk wat mei de lânstreek West-Fryslân yn Noard-Hollân te krijen; ynstee is de namme ûntstien om't der yn it bûtenlân gjin ûnderskie makke wurdt tusken West-Fryslân en Westerlauwersk Fryslân. Sadwaande wurdt alles bewesten de Iems sjoen as 'West-Fryslân'.

Eilannen

De rige fan de fiif bewenne eilannen dêrfan, Teksel, Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach, foarmje in part fan de skieding tusken Waadsee en Noardsee. As folgjende eilân nei it suden ta wurdt wol Wieringen rekkene, mar dat is nei oarsprong en hjoeddeiske tastân gjin Waadeilân. It folgjende nei it easten ta is Rottum.

It fiifde Fryske Waadeilân, it Gryn, leit op it Waad, besuden de westkânt fan Skylge.

Platen

Njonken dy eillannen lizze der yn itselde gebiet ek in tal platen. Twa dêrfan wurde gauris as eilân beskôge: De Richel, op it Waad tusken Flylân en Skylge, en de Kalkman, op it Waad tusken it Amelân en Skiermûntseach. Strikt naam binne dit lykwols gjin eilannen, om't hja te faak ûnder spield wurde.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.