Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat
EZK
Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat
It gebou fan it ministearje EZ yn De Haach.
It gebou fan it ministearje EZ yn De Haach.
algemien
lânflagge fan Nederlân Nederlân
adresBezuidenhoutseweg 73
De Haach
skiednis
oprjochting17 augustus 1905
funksjehâlders
ministerMicky Adriaansens
Rob Jetten (Enerzjy en Klimaat)
steatssekretarisHans Vijlbrief
sekretaris-generaalSandor Gaastra
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-economische-zaken-en-klimaat

It Nederlânske ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, ôfkoarte ta EZK (Economische Zaken en Klimaat) bemuoit him mei alles wat te krijen hat mei de Nederlânske ekonomy, lykas hannel, yndustry, kommunikaasje, enerzjyfoarsjenning, ûndernimme en ynnovaasje, mar ek konsumintesaken sa as produkt- en itensfeiligens. Ek it klimaatbeliedfalt ûnder it ministearje.

Skiednis

It ministearje waard yn 1905 ynsteld as departemint fan Lânbou, Hannel en Yndustry. Dêrnei feroare de namme in pear kear, bygelyks doe't it Lânboubeliedsterrein ôfsplitst waard.

Yn 1946 waard de hjoeddeiske namme keazen en fan 1950 ôf waard der in steatssikretaris beneamd. Fan 1978 ôf is de steatssikretaris ferantwurdlik foar ûnder oare de bûtenlânske hannel.

Op 14 oktober 2010 binne it ministearje fan Ekonomyske Saken en it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit ien wurden as it ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje. It twadde kabinet-Rutte besleat lykwols om fan novimber 2012 ôf de namme ministearje fan Ekonomyske Saken wer te brûken.

Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte III op 26 oktober 2017 waard it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit fannis foarme en waard it beliedsmêd "Klimaat" taheake oan it dat no it "ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat" hjit.

Politike lieding

De ministers yn it kabinet-Rutte III wiene Eric Wiebes (VVD) en Bas van 't Wout (VVD). De steatssikretarissen wiene Mona Keijzer (CDA) en Dilan Yeşilgöz-Zegerius (VVD).

Yn it kabinet-Rutte IV is Micky Adriaansens (VVD) de minister. Rob Jetten (D66) is minister fan Enerzjy en Klimaat, Hans Vijlbrief (D66) is steatssikretaris.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.