Nederlânsk Militêr Ordinariaat | ||
Basisgegevens | ||
Tsjerkeprovinsje | immediatum | |
Hiemside | bisdom-krijgsmacht.nl | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 16 april 1957 | |
Stifter | paus Pius XII | |
Hierargy | ||
Biskop | Everard de Jong |
It Nederlânsk Militêr Ordinariaat is in militêr bisdom, dat de pastorale soarch fersoarget foar katoliken yn de Nederlânske striidkrêften.
Skiednis
It Nederlânsk Militêr Ordinariaat waard op 16 april 1957 troch paus Pius XII stifte as militêr fikariaat. Neffens in mienskiplik beslút fan de Hillige Stoel en Nederlân is de sit fan it Nederlânsk Militêr Ordinariaat yn De Haach. Paus Jehannes Paulus II joech it op 12 july 1986 mei de apostoalyske konstitúsje Spirituali militum curae de status fan bisdom.
It Nederlânsk Militêr Ordinariaat is as immediatum streekrjocht ûnderwurpen oan it gesach fan de paus.
Biskoppen
Militêre biskoppen | ||||
nûmer | namme | amt | fan | oant |
---|---|---|---|---|
1 | Bernardus Alfrink | aartsbiskop fan Utert | 1957 | 1975 |
2 | Johannes Willebrands | aartsbiskop fan Utert | 6 desimber 1975 | 22 novimber 1982 |
3 | Philippe Bär | biskop fan Rotterdam | 22 novimber 1982 | 13 maart 1993 |
4 | Jos Punt (apostoalysk administrator) |
biskop fan Haarlim-Amsterdam | 1 april 1995 | 1 juny 2020 |
5 | Everard de Jong (apostoalysk administrator) | wijbiskop in Roermond | 1 juny 2020 | |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nederlânsk Militêr Ordinaat fan Wikimedia Commons. |
Jeropeesk Nederlân | Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom Breda • Bisdom De Bosk • Bisdom Grins-Ljouwert • Bisdom Haarlim-Amsterdam • Bisdom Roermond • Bisdom Rotterdam • Nederlânsk Militêr Ordinariaat | |
Karibysk Nederlân | Bisdom Willemstêd | |
Eardere bisdommen | Bisdom Dimter • Bisdom Ljouwert • Bisdom Maastricht • Bisdom Middelburch |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.