State of Nebraska
Vlag van Nebraska Zegel van Nebraska
Ofkoarting NE
Haadstêd Lincoln
Tiidsône -6 / -7
Algemien
Oerflakte 200.520
Befolking 1.747.214
Oare ynformaasje
Tatreden 1 maart 1867
Oantal countys 93

Nebraska is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Lincoln, mar grutste stêd is Omaha.

Skiednis

It gebiet dat tsjintwurdich de steat Nebraska foarmet, waard eartiids befolke troch Yndianestammen. Nebraska, dat "flak wetter" betsjut, wie de namme dy't de Yndianen oan de rivier jûnen dy't no de Platte hiet. (zie onder).

Lange tiid wie Nebraska yn Frânsk besit en yn de twadde helte fan de 18e iuw in stikmannich desennia fan Spanje. Lang om let ferkocht Frankryk yn 1803 it stik lân oan de Feriene Steaten. Op 1 maart 1867 waard Nebraska formeel de 37e steat fan de Feriene Steaten. De blanke kolonisten soenen harren hjirre foar it earst yn grutte oantallen fêstigje yn de sechstiger jierren fan de 19e iuw.

Geografy

De steat Nebraska is 200.520 km² grut en it westen heart ta de Mountain-tiidsône, it easten ta de Sintral tiidsône.

Nebraska grinzet yn it noarden oan de steat Súd Dakota, yn it westen oan Wyoming, yn it easten oan Iowa en Missoery en yn it suden oan Kolorado en Kansas.

De wichtichste rivieren binne de Platte en de Missoery, wêryn de Platte útkomt en dy't de hiele eastgrins foarmet. De grutste mar is Lake C.W. McConaughy, dêr't de North Platte troch hinne streamt.

Nebraska is frij flak. De hichste punt leit op 1653 m.

Bestjoerlike yndieling

Nebraska is ûnderferparte yn 93 countys.

Keppeling om utens

 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama Alaska Arizona Arkansas Delaware Fermont Firginia Floarida Georgia Hawaï Idaho Illinois Indiana Iowa Kalifornje Kansas Kentucky Kolorado Konettikut Louisiana Maine Marylân Massachusetts Michigan Minnesota Mississippy Missoery Montana Nebraska Nevada Nij-Hampshire New York Nij-Jersey Nij-Meksiko Noard-Dakota Noard-Karolina Ohio Oklahoma Oregon Pennsylvania Rhode Island Súd-Dakota Súd-Karolina Teksas Tennessee Utah Washington West-Firginia Wyoming Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam Noardlike Marianen Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.